Winners Rely 2024 bekend

Publisearre op 11 juli 2024

LJOUWERT – Trije ferhalen en fiif gedichten wurde dit jier bekroand mei in Rely Jorritsmapriis. It giet om de ferhalen ‘Boat’ fan Jilt Jorritsma (Eindhoven), ‘Wollekje’ fan Geert Nauta (Ljouwert) en ‘De skroei fan ’e loop’ fan Koos Tiemersma (Drachten).

De winnende gedichten binne ‘Waskersfersen’ fan Erik Betten (Dronryp), ‘servus’ fan Fedde Douwes Dijkstra (Ljouwert), ‘Yn elke hertslach’ fan Wietze Numan (Drachten), ‘mummy’ fan Gerrit de Vries (Schiedam) en ‘fiere wake’ fan Syds Wiersma (Bears).

It is dit jier de 70ste kear dat de Rely Jorritsmaprizen útrikt wurde. Der wiene 89 ynstjoeringen ynkommen, 51 gedichten en 38 ferhalen. De sjuery bestie út Oene Spoelstra, Marrit de Schiffart en Gerbrich van der Meer. De priisútrikking sil wêze op sneon 5 oktober yn it Mammemahûs te Jellum.

Syds Wiersma

foto: Geart Tigchelaar, Syds Wiersma, ien fan de winners fan in Rely mei syn fers ‘fiere wake’.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels