• Jetske Bilker, foto: NataliaBalanina

    26 september 2024

    Yn 2023 krige Jetske Bilker de heechste literêre ûnderskieding fan Fryslân foar har Frysktalige roman Spegel en sonde: de Gysbert Japicxpriis. Op freed 18 oktober fynt de presintaasje plak fan de Nederlânske oersetting. Ek wurdt dy middei it keunstwurk ûntbleate dat neffens tradysje diel útmakket fan it winnen fan de priis. Elkenien is wolkom by dizze feestlike middei, dêr't Jetske Bilker en fakgenoate Vrouwkje Tuinman [...]