• 14 augustus 2013

    ARJAN HUT -  Wat is der moaier as in tsjuster, rommelich platesaakje tsjin te kommen, dêr't – leafst ûnder de skappen mei sortearre muzyk – legers oan bakken en iepen doazen mei âlde elpees pronkje. Tolve foar in tientsje, ofsa. In sneupersparadys. Mei fanalles trochinoar hinne: Alle 13 Goed en ABBA, mar ek út en troch in seldsume heavy metal-plaat, of in smite Fryske folk. [...]