Premjêre Fanfare (Tryater)

Publisearre op 5 juni 2024

Freed 31 maaie wie de premjêre fan de Tryater-foarstelling Fanfare. Dit lêste part fan in trijelûk fan Tryater oer de fanfarekultuer dat earder yn ferskate foarmen troch hiel Fryslân luts, is opset as in lokaasjefoarstelling yn Easterlittens mei in grutte cast mei allerhanne figuranten en in tritichkoppich gelegenheidskorps, wêrby’t huzen, dakken, feart en loften fan it doarp tsjinje as dekôr.

Under in skiere loft dêr’t no en dan in spatsje út foel spilen fêste gesichten Brecht Wassenaar, Joop Wittermans, Eva Meijering , Nynke Heeg en Lourens van den Akker mei oerjefte, wylst de staazje-akteurs Klaske Smid, Oane Marten van der Veen en Rixt Siderius sjen lieten dat Fryslân ek nij talint hat.

De spiler dy’t de topcast ôfmakket is Rop Verheijen, bekend fan de lanlike teäters en searjes as De Luizenmoeder of Het Klokhuis. As ‘ymport-akteur’ hie er as ymport-Fries Vincent wat mankelyks mar hy soarge ek foar ekstra humor en fleurigens yn it stik fan skriuwer Wessel de Vries dat fierder knap it Fryske mienskipslibben mei al syn franjes en kartelrantsjes sjen lit en ta tinken oanset oer hoe’t wy mei-inoar troch de tiid moatte.

Fanfare spilet noch oant ein juny en is ekstra tagonklik foar publyk mei útienrinnende beheinings, in ûntjouwing dêr’t Tryater folop op ynset. Kaarten fia www.tryater.frl

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Opiny,Teater

    HANS BRANS - Een festival van twaalf dagen om een nieuw artistiek leider welkom te heten - dat is een opmerkelijke, nooit eerder vertoonde openingszet. [...]

  • MARITA DE JONG  - Akteur Freark Smink is yn 1948 berne yn Sondel. Hy hat 15 jier as akteur ferbûn west oan it toanielselskip Tryater. [...]

  • Kategory: Resinsje,Teater

    SOPHIE TEKELENBURG - ------------------------------------------------------------------------------------------------------------ Van: Sophie Tekelenburg Aan: redactie de Moanne Datum: 28 april 2004 Onderwerp: “Yerma” van Tryater ------------------------------------------------------------------------------------------------------------- Beste redactie, Yerma, van de [...]