Muzikant Eddy Dykstra ferstoarn

Publisearre op 24 augustus 2024

Sjonger Eddy Dykstra is ôfrûne woansdei op 75-jierrige leeftiid ferstoarn. Dykstra wie fan jongs ôf muzikaal en is by it grutte publyk bekend mei nûmers as ‘Leafdesliet’ en ‘Efkes werom’.
De sjonger wie al in skoft siik en is ferstoarn yn Dútslân, dêr’t er wenne. Snein wurdt der ôfskied fan him naam.
Dykstra waard op 31 desimber 1948 op De Jouwer berne as Ids Dijkstra. Syn âlden emigrearren in pear moannen letter mei de húshâlding nei Kanada, op syk nei in bettere takomst. Dêr feroare de namme ‘Ids’ ek yn ‘Eddy’.
Yn 1958 ferhuze de famylje werom, nei’t Dykstra syn heit hommels ferstoarn wie. Mar Dykstra bleau him ferbûn fielen oan beide lannen. Hy song letter likegoed yn it Frysk as yn it Ingelsk. Emigraasje bleau in tema yn syn muzyk. (Lês fierder by Omrop Fryslân)
Dykstra wie in muzikant en sjonger, of trûbadoer, mei in eigen lûd en tematyk. HY begjint syn muzikale karjêre al yn de jierren sechstich mei de beatgroep Spot ’66. Broer Lowell sjongt, Eddy spilet gitaar. Begjin jierren njoggentich, hy spilet dan Ingelsktalich repertwaar ûnder de namme Eddy-en-dy, docht er mei in ferske mei oan Liet, ûnder de namme ED dee. It sjuery-rapport is tige geunstich en fynt it nûmer in echt sjongfestival liet. Hjirmei set Eddy syn earste stappen op it mêd fan de Frysk-talige muzyk Dykstra begeliedt himsels op gitaar en piano.
Yn 200g nimt er in album op mei syn beide soannen Rik en Jasper, Together. Syn lêste album is mar koart, seis nûmers, as earbetoan oan syn âlders en oan Fryslân. Dizze extended play, Fryske grûn, is neffens Arjan Hut syn besprek foar de Moanne in hichtepunt: “Benammen Winter yn Fryslân, mei syn soepel wikseljende klanken, is in earwjirm. De oare ferskes (Hjerst, Fryske Grûn, Dach Mem en Op ‘e Jouwer) dogge der eins net foar ûnder.” (lês hjir “It wurk is dien, de flier is frij”)
De famylje fan Eddy Dykstra hat in Facebookside iepene ta neitins en oade oan him.
Kategory
Tags

Gjin tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels