• 10 december 2007

    MARITA DE JONG -  Ald-rjochter Rienk Wegener Sleeswijk fielt him Frysk yn ieren en sinen. Dochs praat er de taal net. Hy fynt dat dêr wolris te folle de klam op lein wurdt. ‘Dan sluit je een groep buiten’. Sleeswijk is noch altyd tige aktyf op it mêd fan de kultuer. Hy wie fan 1986 oant 2005 foarsitter en ponghâlder fan de Ottema Kingma Stichting, [...]

  • 1 december 2007

    KAREN BIES -  Hy is al acht jier gjin direkteur mear fan de iepenbiere basisskoalle yn Warns, mar wennet noch wol yn it âlde skoalmastershûs. De lûden fan boartsjende bern op it plein binne altyd te hearren. Loskomme fan it ûnderwiis en de bern kin er dochs al net. Mindert Wijnstra (1945) skriuwt berneboeken. Tegearre mei âldste dochter Babs, dy’t syn boeken yllustrearret, docht er [...]

  • 19 november 2007

    MARIJKE DE BOER -  ‘Ik gean leaver te fytsen’ Jelle Kaspersma skriuwt al hast fjirtich jier Fryske gedichten. Syn lêste bondel Ieneach Kening ferskynde okkerdeis by útjouwerij Venus. Foar dy bondel hat er fersen makke by tekeningen fan Gerrit Cnossen. It tastânkommen fan de bondel is in ferhaal apart.   ‘Ik ha no sa’n fiif kear yn Amearika by de Yndianen west. Ut nijsgjirrichheid ha [...]

  • 1 juni 2007

    ERNST BRUINSMA & BAUKJE WYTSMA - Philippus Breuker (1939) is berne yn Skingen. Wenne mei heit en mem en fiif jongere broers op in lyts boerespul yn dat doarpke. Heit hie fyftjin kij en wat bou. Nei de HBS soe er studearje yn Wageningen, mar moast dy stúdzje al nei in pear wike ôfbrekke omdat syn heit fûn dat er thús helpe moast. It waard [...]

  • 1 maart 2007

    WYBRICH BAKKER - It Frysk is ferplichte op de basisskoalle, mar eltse skoalle docht syn eigen sin by de ynfolling fan it fak. In oerke Frysk yn de wike jout net folle as de bern meastentiids Nederlânsk prate. It omdraaien fan de tiidwurden, ‘ik bin bleaun sitten’, is yntusken modern Frysk, liket it wol. Sikko de Jong hat jierrenlang ûnderwiisynspekteur west, mei Frysk yn syn [...]

  • 1 oktober 2006

    ERNST BRUINSMA - Hendrik ten Hoeve (1945) is ûnderwizer, ferteller fan ferhalen en al sûnt 1974 lid fan de gemeenteried yn Ljouwert. Hy is in oertsjûge lid fan de PvdA, mar ‘se’ dogge it him net altyd nei it sin. Hy is fral bekend om syn ferhalen oer de skiednis fan Ljouwert by Omrop Fryslân en de lokale omrop Mercurius. Ik bin by Hendrik ten [...]

  • 1 september 2006

    MARITA DE JONG  -  Foar it oktobernûmer fan de Moanne 2004 hie ik in lang petear mei keunstner Sjoerd Dirk Janzen yn syn wenning yn Grins. Ik moete doe ek syn leave frou Susanne. It petear is my dêrom sa bybleaun, omdat we alles om ús hinne fergeaten. We setten om trije oere út ein en ynienen wie it healwei sânen. As Janzen eat die, [...]

  • 1 december 2005

    ERNST BRUINSMA - Sytse ten Hoeve, fanôf 1976 wurksum as direkteur fan it Skipfeartmuseum yn Snits, naam op 17 desimber ôfskie. It wie in sfearfol barren. Wy praten mei him yn Nijlân, yn syn hûs ‘met vele kamers’, oer syn wurksume libben dat nei it ôfskie noch lang net ôfrûn is. De besiker fan it hûs oan de Tramstrjitte wurdt fuortendaalk konfrontearre mei de belangrykste [...]

  • 1 september 2005

    HANNAH LUDWIG  - ‘Dat famke mei dy moaie eagen’, dat is meastentiids de reaksje as de namme Tamara Schoppert falt. De eagen fan Ronja, fan Stanzi, fan de Kleine Zeemeermin, personaazjes, dy’t noch hieltyd op it netflues steane fan dyjingen, dy’t sa lokkich wêze mochten om Ronja de Rôversdochter, Pak’m Stanzi, mar ek Hartbrecht yn Kening Lear te sjen. Yn de gesellige koken, oan de [...]