• 1 mei 2024

    Takom tongersdei 2 maaie meie we los mei it Gaasterlânsk! Altyd al wat mear witte wollen fan dy bysûndere fariant fan it Frysk? Kom dan tongersdei nei de biblioteek yn Balk. Yn in pilotgearkomste geane wy nei wat startposysje is fan ’e minsken mei ynteresse en wat se wolle. Kenne jo al Frysk? Wolle jo Gaasterlânsk leare te praten of skriuwen? Nei in pear wiken [...]

  • Gasterlân, Ria Walstra

    29 april 2024

    Ria Walstra sprekt en skriuwt Gasterlâns, ien fan de dialekten dy't de Fryske taal ryk is. Har soan Joël Hut is dwaande om de stavering en grammatika fan dizze taal fêst te lizzen, én in literêre tradysje te begjinnen yn de taal dy't sprutsen wurdt yn Súdwest-Fryslân. Lês hjir it gedicht 'Gasterlân' fan Ria Walstra. Gasterlân, Ria Walstra

  • Tryntsje Nauta, omslach 'de Moanne' 02-2024

    26 april 2024

    Yn de nijste edysje fan 'de Moanne', ûnder mear Skelte Braaksma oer syn striplân, keunstferbiner Louwrien Wijers oer wat se learde fan keunstners en fotograaf Johannes Bosgra yn wurd én byld.   ynhâld 'de Moanne' 2024 - 02 tekst Janita Baron, Jetske Bilker, Willem Bosma, Tsjerk Bottema, Joana Duarte, Hielke van Duuren, Yvonne Feiten, Anne Graswinckel, Bert de Jong, Marita de Jong, Martsje [...]

  • 13 november 2023

    Poëtysk Frysk en poëtysk Ingelsk binne offisjeel oan elkoar keppele by de boekpresintaasje fan keunstner Liza Prins har boek ‘Bitterswiet: ûndersyk nei Tiny Mulder yn wurd en stim’. Boppedat jout it oan dat jo as minsk josels wêze meie en ek jo eigen taal brûke meie. Mulder wie op it mêd fan taal en fan frouljusrjochten in subtile mar krêftige fersetsfrou, lykas sy dat ek [...]

  • 9 oktober 2023

    Wy binne werom!  En we moasten ek noch in bytsje opsjitte, want nei dizze opname gongen we nei de studio fan de Omrop om mei te wurkjen oan in earbetoan oan ien fan de grutste (en noch libjende) Fryske skriuwers troch ferkate dichters. (sjoch foto). Dus, hurry hurry, gjin tiid om te knippen en te plakken, yn ien kear, live, bam! Ja, ha we noch [...]

  • 21 augustus 2023

    Pauper fiert feest, Gabrielle Terpstra is slagge oan de Akadeemje foar Popkultuer én it losse kollektyf Pauper Poëzy bestiet 4 jier! Muzyk, poëzy en in kombinaasje dêrfan. Orizjinele Pauperset mei âlde bekenden en nije Pauperfreonen.Mei muzyk fan:Minne PrysterMethoxyDichters:Erik de BoerJaimy HindriksMartsje de JongLubbert Jan de VriesAlwin van der ToornEmily WielandOm 7 oere trapet Methoxy ôf mei har sfearrike, persoanlike muzyk, en tusken de dichters troch [...]

  • 7 april 2023

    PIER BERGSMA -  De Stifting âlde Fryske Tsjerken kriget de kommende jierren in soad fraach om leechsteande tsjerken oer te nimmen. Dy sille net mear brûkt wurde foar it wurd fan de Heare, Heare. Ik kom graach yn Kollumersweach, want dit doarp hat ien fan de moaiste en grutste ‘omrinwinkels’ fan Nederlân. De opbringst fan dy ‘Lichtpuntloods’ wurdt bestege oan harren ‘opheinbuorkerij’, dy't op kristlike [...]

  • 22 december 2022

    Harkje nei: Gabrielle en Arjan Bedoele It Net Ferkeard Gabrielle liet A.I. in blackmetal-tekst skriuwe, it risseltaat liket derop! Te goed? En wat bard der as it Mr. Roboto-programma jins redaksjonele taken oernimt? Yn de podcast #NetFerkeard giet it fierder oer de moaiste films fan it jier en Henk Dillerop fertelt oer De Vrienden Van De Bres Live. In weromblik op Nazareth yn de stêd [...]

  • Jan van der Werf

    12 september 2022

    Presentaatsy Lemster Wurdboek, Kommissaris Brok krijt earste eksimplaar ARJAN HUT - Snein, 11 septimber. De sinne skynt fûl boppe de Lemmer en toeristen strune oer de promenade yn it skaad fan foarbydobberjende jachten, as yn de Tsjerke oan it Dok in selskip fan kulturele pommeranten en leafhawwers fan taal en muzyk bymekoar sitte foar de presintaasje fan it Lemster Wurdboek. Skriuwer Joël Hut (27 jier) [...]