• 3 februari 2011

    MARIEKE VINCKERS - Foar grafysk ûntwerper en striptekener Richard Bos jildt itselde as foar striptekener Charles Guthrie: beide ha se net foar it fak leard, striptekenjen sit har gewoan yn it bloed. Tegearre wurkje se oan in projekt fan Aed Levwerd. De feriening jout yn febrewaris in boek út oer de moard op Jan Wielinga. It ferhaal spilet him ôf yn de jierren tritich fan [...]

  • 1 oktober 2010

    BERT LOOPER - It wie spannend yn Fryslân yn dy lêste wike fan maaie 2010. De finansjeel-ekonomyske krisis trof it lân. De oerheden makken har op om mei hurde maatregels de problemen te wjerstean. Wat soe de provinsje Fryslân dwaan? Fansels: kearntaken, ynfrastruktuer, oer datsoarte fan saken soe it grif gean. Mar hoe soe it it Fryske erfgoed ôfgean? Ek yn oare provinsjes en op [...]

  • 19 januari 2010

    MARITA DE JONG -  De kofje is brún, hie jonkhear Cees van Eysinga sein troch de tillefoan, en hy hâldt wurd. We sitte yn de moaie histoaryske wenning op Huis ter Heide dêr’t hy tegearre mei syn frou, mefrou M.C.E.W. van Eysinga - barones van Harinxma thoe Slooten, wennet. De keamer azemet ‘grandeur’. Portretten fan foarâlden oan de muorren, antike meubels, foto’s yn listjes, grutte [...]

  • 1 november 2009

    ARJEN DIJKSTRA - Oan ’e ein fan de jierren njoggentich fan de santjinde ieu fochten guon auteurs fan Frysk komôf in fûle pamflettestriid út. De kwestje dêr’t hja harren oer opwine liket op it earste each benammen in lestich technologysk probleem en net mear as in botsing tusken in gelearde professor en in praktysk ynstelde skipper. By neiere bestudearring leit it ek wichtige kulturele, religieuze [...]

  • 10 december 2007

    MARITA DE JONG -  Ald-rjochter Rienk Wegener Sleeswijk fielt him Frysk yn ieren en sinen. Dochs praat er de taal net. Hy fynt dat dêr wolris te folle de klam op lein wurdt. ‘Dan sluit je een groep buiten’. Sleeswijk is noch altyd tige aktyf op it mêd fan de kultuer. Hy wie fan 1986 oant 2005 foarsitter en ponghâlder fan de Ottema Kingma Stichting, [...]

  • 1 juni 2007

    ERNST BRUINSMA & BAUKJE WYTSMA - Philippus Breuker (1939) is berne yn Skingen. Wenne mei heit en mem en fiif jongere broers op in lyts boerespul yn dat doarpke. Heit hie fyftjin kij en wat bou. Nei de HBS soe er studearje yn Wageningen, mar moast dy stúdzje al nei in pear wike ôfbrekke omdat syn heit fûn dat er thús helpe moast. It waard [...]

  • 1 oktober 2006

    ERNST BRUINSMA - Hendrik ten Hoeve (1945) is ûnderwizer, ferteller fan ferhalen en al sûnt 1974 lid fan de gemeenteried yn Ljouwert. Hy is in oertsjûge lid fan de PvdA, mar ‘se’ dogge it him net altyd nei it sin. Hy is fral bekend om syn ferhalen oer de skiednis fan Ljouwert by Omrop Fryslân en de lokale omrop Mercurius. Ik bin by Hendrik ten [...]

  • 1 december 2005

    ERNST BRUINSMA - Sytse ten Hoeve, fanôf 1976 wurksum as direkteur fan it Skipfeartmuseum yn Snits, naam op 17 desimber ôfskie. It wie in sfearfol barren. Wy praten mei him yn Nijlân, yn syn hûs ‘met vele kamers’, oer syn wurksume libben dat nei it ôfskie noch lang net ôfrûn is. De besiker fan it hûs oan de Tramstrjitte wurdt fuortendaalk konfrontearre mei de belangrykste [...]

  • 12 juni 2005

    KERST HUISMAN - Fjouwer maaie: dat doch ik allinnich thús. Ik doch oan de kollektive deadebetinking al jierren net mear mei nei’t al sawat fjirtich jier lyn besletten is dat op de fjirde maaie ek alle Nederlânske militêren betocht wurde, dy’t nei 1945 fallen binne. Dus ek dy yn Yndonesië en de frijwilligers yn Korea, dêr’t ek krekt wer frijkommen leden fan de Nederlânske SS [...]