• 1 juni 2008

    HARMEN WIND -  1. Earste proazabondel Albertina Soepboer (1969) is ien fan de bekendste Fryske dichters. Ek as toanielskriuwster hat se namme makke. Ferskillende fan har  bondels binn’ yn it Hollânsk ferskynd, bgl. De hengstenvrouw (1997), De dieptering (2001) en Het nachtland/De knotwilg (2003). De krityk wie trochstrings loovjend. De lêste tiid hat har gearwurking mei de Fryske fado-sjongeres Nynke Laverman de oandacht lutsen  De [...]

  • 1 mei 2007

    HARMEN WIND -  1. Lost generation De hûnsdagen (2006) foarmet op it oeuvre fan Durk van der Ploeg de nijste oanfolling. Dy, foarmtechnysk prachtich fersoarge, histoaryske roman of novelle (beide beneamings wurde jûn), spyljend yn 1954/1955, beskriuwt de relaasje fan in jonge plattelânsman mei syn heit dy’t stjert, en mei in ambisjeuze studinte. In gefoels- en in lustrelaasje. De earste fertsjintwurdiget it bûn wêzen, de [...]

  • 3 april 2007

    ELSKE SCHOTANUS -  Echt en ûnecht. Yn de leafde, yn erotyk, yn seks en porno. Dat is wêr’t Josse de Haan syn nijste roman Elja om draait. De haadpersoanen El (hy) en Elja (sy) sille tegearre in film meitsje: ‘Gummykut’. De filmtitel tsjut de wûndere miks fan ûnecht en echt oan, it ûnechte omdat it om in film giet, in eroatyske film wêrby’t gummy foar [...]

  • 1 april 2007

    SJOERD BOTTEMA - De lêste sin is in daalder wurdich - (...) Dou Bist De Haedpersoan. - Wêrfan? - Fan Dit Boekewikegeskink. ‘Ik ha wolris wat lêzen oer úttredingen, oer minsken dy’t harsels op de operaasjetafel lizzen sjogge en dêr letter ferslach fan dogge,’ seit Koos Tiemersma yn in fraachpetear mei Sietse de Vries (Ljouwerter Krante, 23 febrewaris 2007). ‘It binne faak prachtige, mar ûnkontrolearbere [...]

  • 2 maart 2007

    GEART VAN DER MEER -  Alle keunst, en dus ek literêre keunst (dêr’t ik mij hjir fierders ta behein) wurdt makke mei it doel om te behaagjen, of yn alle gefallen om (fanwege ynhâld én foarm) moai fûn te wurden. No is dat begryp ‘moai’ in lestich ding, en net sa maklik objektyf te definiearjen, of eins hielendal net objektyf te definiearjen. Wurdt dan dêrmei it [...]

  • 2 februari 2007

    ELSKE SCHOTANUS -    Zouden ze het uiteindelijk met elkaar aandurven hun onderdanen met stevige hand te leiden uit het land van ieder voor zich, God zegene de greep en na ons de zondvloed?   Aksjefierster It is gjin rigel út Aggie van der Meer har nije roman Oerfeart, it sitaat komt út de Ljouwerter Krante, út in reaksje op de ferkiezingsútslach wêrby’t it CDA [...]

  • 19 januari 2007

    HARMEN WIND -   Maitiid. De sinne berikte alwer in nij hichterekord en krong dêrby troch ta de djipte fan it jachtgebiet fan de snoek, de sânige boaiem dêr’t it grien noch frijwol op ûntbriek. De sleat lei derby as in ljochtbak. Ungenedich sichtber hong dêr de rôver. Foar skut. De kommende wetterflok hie har skaad alfêst mei klam op syn hûd foarútgoaid. Alle oefte [...]

  • 1 november 2006

    HARMEN WIND -  1. Fenomeen Ik haw in foarkar foar it oare, it eksperimentele, it avantgardistyske, it absurde, it kreative en it ferfrjemdzjende proaza (c.q. poëzy), omdat dêre de skriuwer himsels, de wrâld, de taal en it wurk yn diskusje bringt – yn de foarm fan it literêre einprodukt (roman of gedicht). Kontraliteratuer dus. Keunst foar ’t neist. (7) Oan it wurd is Josse de [...]

  • 1 november 2006

    SJOERD BOTTEMA - It liet fan de Ibis, it nijste boek fan Koos Tiemersma, begjint mei in yntrigearjende en riedseleftige meidieling: “Hjir bin ik, wenjend by de boarnen dêr’t it libben oan ûntspringt”. De ik dy’t hjir oan it wurd is, is in figuer út it Afrikaanske folksleauwe, in abiku, “in geastbern, dat har út en troch meisûge lit nei de berte, in frucht besieljend [...]