• 11 maart 2012

    Justerjûn  haw ik ien fan de moaiste útfierings fan Hamlet sjoen fan myn hiele libben. Ik kin my alteast net foarstelle dat de útfiering fan Hamlet nòch yntinsker, djipdollender of mear yn ’t moed taaste kin, as de útfiering dy’t ik justerjûn sjoen haw. Hoe kin it dochs dat in stik fan goed 400 jier âld alle kearen wit te boeien. Wat it NNT út [...]

  • 18 januari 2012

    ATE GRIJPSTRA - Renske sjocht it boek lizzen. Wat in frjemd boek, tinkt se ... Op de foarkant stean allegear nuvere tekens en gouden letters yn in taal dy’t Renske net begrypt ... ‘Dit boek is al hiel âld,’ seit Pake. ‘En it is in gefaarlik boek. Do meist der allinnich mar yn lêze as ik der by bin. Ôfpraat?’ Paul van Dijk (1981) is dosint [...]

  • 1 juli 2011

    JAAP KROL - Willem Schoorstra skreau in roman oer de Fryske kening Rêdbâd. Schoorstra is net benaud om delikate of beladen ûnderwerpen oan te snijen, wat him as skriuwer orizjineel makket. Syn earste roman Swarte Ingels (2004, Fedde Schurerpriis 2005) gie oer in ferbeane leafde tusken broer en sus. De opfolger De ôfrekken (2007) hannele oer in heit-soanrelaasje, dy’t foarinoar oer de homoleafde bekenne. Rêdbâd, [...]

  • 3 februari 2010

    JOSSE DE HAAN -  Thomas Vaessens skreau De revanche van de roman, dêr’t er yn besiket oan te toanen dat de elitekultuer-literatuer foarby is. It liket in werhelling fan 1978, doe’t Karel van het Reve yn syn Johan Huizinga-lêzing de literatuerwittenskippers bespotlik makke – Literatuurwetenschap: het raadsel der onleesbaarheid. Hy fûn dat de literatuerwittenskippers tefolle pretinsjes hiene, te gewichtich diene en har stribjen nei erkenning [...]

  • 1 november 2009

    REITZE JONKMAN -  Jacomine Nortier, wittenskiplik meiwurker oan it Institute of Dutch Language and Culture fan de Universiteit Utert, hat in soarte fan boek skreaun dat net sa faak ferskynt yn Nederlân. It is in boek dat opkomt foar de meartaligens yn Nederlân yn it algemien, mar dêrby net útgiet fan de frjemde talen lykas it Ingelsk. Sy begjint krekt by it belang fan de [...]

  • 13 september 2009

    KLAAS VAN DER HOEK - Oer Equinox fan Tsjêbbe Hettinga Athenaeum Boekhandel yn Amsterdam hie koartlyn foar it earst in folslein Frysktalich boek op foarrie: Equinox fan Tsjêbbe Hettinga. De troch Barbara Jonkers foarnaam foarmjûne dichtbondel waard sels in plak gund op de toantafel poëzy. It bringt jin wer even yn it sin dat de winner fan de Gysbert Japicxpriis 2001 net allinne yn Frysk-literêr fermidden [...]

  • 1 september 2009

    ATE GRYPSTRA - Koos Tiemersma syn fiifde boek Under wetter spilet him ôf yn de takomst; yn 2065 om presys te wêzen. Neffens de omskriuwing op de achterflap wurdt Fryslân yn dat jier ‘priisjûn oan it seewetter dat heger en heger komt’. Ik haw in tal minsken de foarkant fan de roman sjen litten en harren frege watfoar soart boek se tochten dat it wie. [...]

  • 6 april 2009

    SJOERD BOTTEMA -  Bremer en Hoekstra: yn kapitale letters steane de nammen fan de skriuwers op it omslach fan De Frouwepenje. Blykber sjocht de útjouwer dy nammen as in hannelsmerk en hat er minder fidúsje yn de titel, want dêr moat de lêsbril by. Dy titel sit ek net folle rook of smaak oan en komt op it earste gesicht wat nuver oer, al hielendal [...]

  • 1 september 2008

    ELSKE SCHOTANUS -     Us eigen ûnderfiningen besjen as wienen se fan in oar – dat is heilsum. Lykwols, de ûnderfiningen fan in oar beskôgje as wienen se fan ússels – dat soe ús ûndergong wurde. Harmen Wind jout syn roman Om it libben boppesteande útspraak fan Friedrich Nietzsche as motto mei. It is in pleit foar objektiviteit en in warskôging foar tefolle belutsenens. [...]