Hoe’t Slauerhoff omsloech yn Jorwert

Publisearre op 27 mei 2024

Snein yn Jorwert, it lokale ytkafee sit om healwei ienen stampfol. Geert Mak sil op útnûging fan de Stichting Herdenking Slauerhoff fertelle hoe’t de ferneamde dichter-skipsdokter yn Jorwert ferskynde. Wat moast er dêr, en hat er ek spoaren achterlitten?

ARJAN HUT – De eksploitant fan Het Wapen van Baarderadeel rint by de gasten del om bestellings op te nimmen. It sinneljocht falt rynsk oer it kafee, de pastorij en de tsjerke. Op it hôf om de tsjerke ha in soad doarpelingen – dy’t in fearnsiuw lyn foarbykamen yn Mak syn magnum opus Hoe God verdween uit Jorwerd – har lêste rêstplak fûn.

Foto: Peter de Haan. Geert Mak fertelt yn Het Wapen van Baarderadeel

Strontgas út de feart

Foto: Teake Oppewal. Middeis ûnder de tûken achter de pastorij.

It selskip bestiet hjoed foaral út lûd pratende sechstigers en santigers, mar de Stichting stribbet nei ferjonging. Der is praat fan in Slauerhoff-festival takom jier, en noch folle mear aktiviteiten, lykas it oanheljen fan de Portugeeske konneksjes. Der sitte in soad bekende gesichten, folksjonger Henk Roodbergen fan Dets Laif is oanwêzich, skriuwer Erik Betten en teäterman Peter Vermaat. Ek musikus Hindrik van der Meer is derby, in sjoernalist fan de LC skoot oan en der sit in dûbelgonger fan Geert Mak.

“In de periode 1916-1919 was Jorwerd een soort culturele broedplek”, fertelt Mak, as de lunsj omparte wurdt. Op skoalle yn Ljouwert hie de jonge Slauerhoff in astma-oanfal. Hy waard opfongen troch syn klasgenoate Annie, de dochter fan de dûmny fan Jorwert.

De dûmny, Cornelis Hille Ris Lamberts, wie in ferhaal apart. Dy hie niget oan spiritisme en wie sels belutsen by it tydskrift Toekomstig leven. Slauerhoff hie it drokker mei it libben op dat momint, mei Annie, en letter har sus Heleen. Kuiertochten oer it tsjerkhôf, besites oan de pastorij dêr’t de famylje wenne. De famkes songen Schubert achter de piano yn de hûskeamer. Yn de achtertún begong de feart en dêr belibbe de jonge dichter romantyske mominten. Hy dichtet fandatoangeande letter yn it fers Na Jaren:

Het stille van den hof en het grijsblonde
Van zon laatglanzend door beslagen glas.
Achter in de tuin begon de ondiepe plas,
Waar we elkaar ’s avonds onder takken vonden.

Wylst de gasten har broadsjes mei brie en filet Americain behimmelje, fertelt Mak hoe’t dûmny oan ’e ein fan ’e oarloch strontgas wûn út de stjonkfeart achter hûs. Mak wennet hjoeddei sels (parttime) yn de pastorij en syn buorman, Douwe de Bildt, leit út hoe’t de pet fan Slau (yn brûns getten) dêr op it hek kommen is. De echte pet liend (fersekere foar f35.000) en sa in waaksen kopy makke. Under de brûnzen skipperspet is in tekst oanbrocht yn it hânskrift fan de dichter, “Alleen voor Friesland heb ik nog een zwak”.

Foto: Teake Oppewal. Jo ferslachjouwer achter de pastorij, op de achtergrûn ‘de ondiepe plas’.

Stânsferskil

Dan is it tiid om mei Mak nei de pastorij en meie we sels de foarkeamer mei it piano en de achtertún mei de ondiepe plas besjen. In ploechje fan sa’n tritich man, it past maklik yn de tsjinwurdich romme keamer. “Hier was vroeger een muur, en daar ook,” wiist Mak. Op tafel lizze de orizjinele bouplannen en foto’s fan it hûshâlden Hille Ris Lamberts, út de tiid dat Slau mei de dochters omsloech. Soks koe net lang goed gean: foarst, hy wie fan de stêd en sy wiene doarpsfamkes, fan grut belang yn de goede âlde tiid. Mar noch belangriker wie it stânsferskil. In dochter fan in dûmny koe net mei de soan fan in meubelmakker, en sa ferdwûn Slauerhoff as Ljouwerter Lover fan it toaniel.

Geert Mak giet noch mei syn dûbelgonger op de foto, of is it oarsom? De gasten sitte nei yn Het Wapen, dêr’t Slauerhoff-biograaf Gerrit Jan Zwier eksimplaren fan syn Alleen voor Friesland heb ik nog een zwak ferkeapet. Erik Betten slacht in drankje ôf, mar fertelt wol dat er in medyske triller fan him oan sit te kommen. Vermaat dielt flyers út: hy spilet syn foarstelling Slauerhoff yn july en augustus yn doarpshûs Op Healwei, oan de Slappeterpsterdyk yn Skingen.

(Oer de tsjustere Noardsee krûpe de tongerwolken rjochting it doarp en Mak en syn frou ride op Amsterdam oan. Ek jimme ferslachjouwer pakt gau gau de fyts en lit him weromblaze nei Ljouwert.)

Mei tank oan Japke Wiersema, Peter de Haan, Teake Oppewal. Sjoch hjir foar mear ynformaasje oer Peter Vermaat syn foarstelling.

Foto: Teake Oppewal. De pet fan Slauerhoff.

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels