Hindirk Hannema: ‘Skriuwe is suvere magy bedriuwe’

Publisearre op 22 mei 2024

Yn de earste edysje fan ‘de Moanne’ yn 2022, wie in ynterview mei Hindirk Hannema troch Arjan Hut te lêzen. Fanwegen it resinte  stjerren fan Hindirk, pleatse wy it stik hjir opnij.

 

‘Skriuwe is suvere magy bedriuwe’

Hy draaide al mei yn in coachingsprogramma fan Poetry Circle Leeuwarden. Yn 2021 liet er yn de Westertsjerke alle konkurrinsje achter him en waard er de bêste slamdichter fan Ljouwert. Yn desimber ferskynde syn earste bondel Mijn moeder is nog maagd. Hindirk Hannema, berne yn de eardere gemeente Gaasterlân-Sleat, hat ûnder de pandemy net stilsitten.

Do bist yn 2021 de bêste slamdichter fan Ljouwert wurden. Hoe gong dat? Hoe is it dy slagge om dy yn de coronatiid sa goed fierder te ûntwikkeljen?

‘Ik haw myn hiele libben wegere my op te stellen as in slachtoffer, wylst ik dêr genôch reden ta ha. Corona is ek soks. Ik ken in soad keunstners dy’t sizze dat corona in probleem is. It is gjin probleem. It is in útdaging. Ik haw in jier lang allinnich mar digitaal optrede kinnen. Ik haw dêrop besletten dat ik de bêste online performance jaan woe fan elkenien. Dat minsken in jûn ha dy’t se noait wer ferjitte sille. Dat wie myn mindset yn de coronakrisis. Doe’t de lockdowns foarby wiene, kaam ik der sterker út. Dêrom ha ik de Ljouwerter Poetry Slam wûn, omdat myn moraal sa heech wie. Fansels wie it foar my ek in befrijing en koe ik my EINLINGS hielendal útlibje op it fysike poadium, dat leit my noch hieltyd better as online, mar it hat nea in ekskús foar my west om net op te treden of op te hâlden mei keunst te meitsjen.’

De moanne 2022-01, foto Linus Harms

De moanne 2022-01, foto Linus Harms

Hoe belangryk is it poadium foar dy?

Myn motto is: skriuwe is suvere magy bedriuwe. En dêryn is skriuwen faze 1. It yn de wrâld bringen is faze 2. Dat kin troch op te treden of it te publisearjen. It yn ‘e wrâld bringen fan myn teksten hat op my altyd in magyske útwurking hân. It is hast in manifestaasje fan in oare diminsje. Do bewurkest de (persepsje fan de) realiteit fan dysels en fan dyn taharkers. Je kinne op it poadium of mei in boek in totaal oare realiteit kreëarje, of sels in oar universum. Dat is de enoarme macht en ferantwurdlikheid fan in keunstner.’

Wêr hellest dyn ynspiraasje wei?

‘Ik wol minsken laitsje litte om myn oardielen en frustraasjes. At ik de Ryksoerheid belje en hieltyd itselde bantsje ôfharkje moat, tweintich minuten lang, of by in oare klanteservice harkje moat nei deselde wachtmuzyk, tweintich minuten lang, dan tink ik by mysels: hoe kin ik fan dizze frustraasjes in moai gedicht meitsje? Sokke ergernissen falle foar my ûnder de kategory “Legitime redenen om de macht te gripen”.’

De gedichten yn ‘Mijn Moeder Is Nog Maagd’ lêze foar my as in syklus, se hearre echt bymekoar. Wie dat altyd al de bedoeling of is dat sa ûntstien?

‘Dy analyze kloppet. It orizjinele manuskript fan ‘Myn mem is noch faam’ hie santjin fersen mear as it úteinlike einprodukt. Dêryn ha ik it advys fan Ernst Bruinsma opfolge: kill your darlings. Oftewol: nim allinnich it bêste fan it bêste op yn dyn bondel, de dingen dêr’tst oer fiif jier noch hieltyd efter stiest. Dat betsjutte foar my dat ik in leafdesgedicht lykas ‘Iiskâld’ derút litten haw. Dat wie wol even dreech foar my. It gedicht ‘Iiskâld’ hat foar my in soad sentimintele wearde, mar net foar de lêzer. Ik haw gewoan hiele hurde besluten nommen. Ik haw neitocht oer wat ik mei myn bondel berikke wol. Wat is de oerstigende kontekst fan myn hjoeddeistige wurk? Op dit stuit is dat macht, froulju en jild. Dus dat is it iennige wat ik deryn opnaam ha. De rest net.’

 Der sit in soad humor yn dyn gedichten. Lykas de passaazje dêr’tsto in woede-oanfal krijst yn in Kruidvat-winkel. Soe in kabaretprogramma in folgjende stap foar dy wêze kinne?

‘Fêst en wis. Ik sit no noch midden yn de publisiteitskampanje fan myn bondel, mar sadree’t dy faze ôfsluten is, wol ik hiel graach in teäter- en komeedzjeshow meitsje fan myn bondel. Ik haw nea les krigen yn teäter en komeedzje, it is eat dat op in organyske wize ûntstien is. Ik tink dat der wol mear by komt te sjen ast in hiele show delsette wolst. Dêr ha ik coaching en advys by nedich. Mar it is seker in ambysje dy’t ik ha.’

Yn de bondel stelt de dichter him wreed op, as oft er wreder wêze moat as de wrâld. Erfaarsto de wrâld as wreed? Hoe?

‘Ik belibje de wrâld as in jungle. It rjocht fan de sterkste. It is ite of iten wurde. Dat is myn konklúzje nei trije jier pest te wurden op de ûnderbou fan de middelbere skoalle. At je soks meimeitsje, kinne je dêr op ferskate wizen mei omgean. Guon minsken wurde dêrtroch brutsen (ik wol), oaren net. It giet der úteinlik om hoe’tst dysels wer opboust neidatst brutsen bist. Bliuwst in slachtoffer fan dyn omjouwing of wurdst in bettere ferzje fan dysels?’

Macht spilet in foarname rol yn de bondel. De bondel hat de foarm fan in kontrakt. Wat ferlangsto fan de lêzer?

‘Ien fan myn Hindirkismes (oneliners fan Hindirk) is: ik wol net begrepen wurde, mar ûnthâlden. At ik optreed, wol ik dat minsken in ûnferjitlike jûn hawwe. Ik wol dat se thúskomme en sizze: jûn haw ik dochs wat meimakke, dat sil ik nea wer ferjitte. Ik wol dat minsken oer my prate. It makket net út wat der oer my sein wurdt, at der mar wat oer my sein wurdt.’

In opfallende tekst fyn ik ‘Wierbarde gedachten’. Do fertelst dêryn oer psygoazen en wat in hardcore fantasy is. Kinst dêr wat mear oer fertelle? Yn hoefier is dat basearre op dyn echte libben?

‘It ferhaal ‘Wierbarde gedachten’ is yn syn totaliteit basearre op myn libben. Ik haw yn 2010, 2017 en 2020 in psygoaze hân. At ik in psygoaze útlizze moat yn myn eigen wurden is it ek dat: wierbarde gedachten. As ik in psygoaze ha, kin ik gjin ûnderskied mear meitsje tusken wat wier is (de feiten) en wat net (tinzen). En dêr komt noch in útdaging by: dat de tinzen dy’t ik haw yn myn psygoaze sterk besibbe binne oan wier barde ferhalen út myn libben, koestere ynteresses en myn karaktertrekken. It is dus hiel lestich om in ûnderskied te meitsjen tusken wêr’t de persoanlikheid ophâldt en de fantasy begjint. Dêrom neam ik myn psygoazen ek wol hardcore fantasyen, omdat se in hurde kearn fan wierheid befetsje, mei in fantasy deromhinne.’

Wêrom in twatalige bondel?

‘De bondel is yn it Nederlânsk skreaun en oerset yn it Frysk troch Joël Hut. Lubbert-Jan de Vries die de einredaksje fan it Frysk. Yn de subsydzje-oanfraach oan de Gemeente Ljouwert stie dat de bondel allinnich yn it Nederlânsk útjûn wurde soe. Ik bin ien dy’t it prinsipe hantearret fan underpromise, overdeliver. Ik wol sjen litte oan myn breahear dat ik mei itselde budzjet mear dwaan kin as oare keunstners. Dêrneist is it myn memmetaal, it Frysk. Ik woe ek in breder publyk oansprekke en dat der nije doarren foar my iepengean. Yn in oare taal dichtsje en optrede is as dûnsjen. Nije dûnspearen komme op nije plakken.’

Arjan Hut is dichter

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels