Gabrielle en Arjan Bedoele it Net Ferkeard: Slakken & Soa’s

Publisearre op 20 juli 2024

Wolkom by ús nije podcastôflevering! Yn dizze ôflevering begjinne wy mei in gedicht fan Sipke de Schiffart en beprate wy syn nijste bondel Oan wjerskanten fan de Styx. Dêrnei freegje wy ús ôf: wat binne eins ús hobbys? Moatte hobbys leuk wêze? 

Byld út The Human Centipede. Net geskikt foar gefoelige Friezen.

Wy ferkenne ek de wrâld fan Asgaard, Arjan fertelt oer syn bysûndere konneksje mei it bisteryk, fan poëzy meitsje mei in hoanne oant it hawwen fan in bijefolk yn syn tún. Hasto it album Nu/Nooit fan KUÒ & Poelier al heard? Dêrneist binne we op syk nei Wietze Numan. Wa is hy en wêrom wolle wy him fine? Arjan fertelt it yntrigearjende ferhaal oer syn kies.

Wy nimme jimme ek mei nei it SOA Festival en beprate de fassinearjende wrâld fan neakenslakken.

Fierders: Wat is de lêste juice oer de Drachtster dichters? We beprate de film Human Centipede en it bizarre ferhaal oer Dries Roelvink dy’t ûntfierd waard foar syn sperma. We ha de details. Arjan seach ek de film Hors Saison en Gabrielle in âlde klassiker út de jierren 80. Arjan waard herkent op strjitte, in brassery ynroppen. Wa is Abel Oostra en wat moatte we oer him witte?

Betanke foar it harkjen en oant de oare kear!

Pauper Party op Asgaard. Yn Asgaard? Foto: Marjan Reijenga.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels