Gabrielle en Arjan bedoele it Net Ferkeard: Gitaren & Letterfretters

Publisearre op 10 mei 2024

Net ferkeard: Stoflik Omskot

Wy wiene op it befrijingsfestival dêr’t Arjan nei hûs gie doe’t Gabrielle kaam, Gabrielle fûn Stoflik Omskot geweldich en we freegje ús ôf wêr’t de helikopter eins lânet.

We ha it oer de muzykscene fan de ôfrûne tiid mei oa Esther de Jong, Willy Darktrousers, Drôvich, Kaspar en Electropop mei Sietse van Essen. We ha it oer de film Hypnosen, noch te sjen by Slieker, dêr’t Arjan ek in ynlieding jaan mocht by The Wasteland

Fierder: In gedicht om in itensbosk te iepenjen en lekker op te sliepen, Literêre roddels en nijtsjes. Komt der in Letterfretterrel? Watfoar nijs hawwe wy oer de stedsdichter fan Ljouwert?

Foto: GT. Yn ús studio njonken it stasjon yn Ljouwert.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels