Haadkategory: Frysk-Fryslân

  • 10 juni 2020

    GERBRICH DE JONG -   De iene studint brûkt it Frysk alle dagen, foar de oare is it in taal foar yn it wykein. Mar foar elke Frysktalige komt der in momint dat er him realisearret dat er eins mar in bytsje wit fan syn eigen taal. In tanimmende groep studinten yn it heger ûnderwiis kiest derfoar om him yn de eigen taal te ferdjipjen. Alle [...]

  • 6 mei 2020

    HENK WOLF -  De yngewikkelde kwestje fan de Fryske ferlytsingswurden Hat jo broer 'in nij autootsje' of 'in nij autoke'? Rint jo suster yn 'in kreas truike' om of yn 'in kreas truitsje'? Is de Sint Piter yn Rome 'in aardich geboutsje' of 'in aardich gebouke'? Wat by ferlytsingfoarmen op in lûd (klinker) de korrekte ferlytsingsútgong is, is net sa'n maklike kwestje. De Afûk skriuwt [...]

  • 22 april 2020

    HENK WOLF -  Yn al it coronageweld fan de ôfrûne tiid is heel wat oar nijs ûndersnijd. Spitich, want der sit it ien en oar oan nijsgjirrichs by. Sa hat in Kanadeeske wittenskipper yn opdracht fan de Feriene Naasjes in wiidweidich stik skreaun oer juridyske aspekten fan ûnderwiis yn minderheidstalen, lykas it Frysk.   Dat bern fan skoalle komme sûnder goede kennis fan it Frysk, [...]

  • 1 april 2020

    HENK WOLF -  Op it stuit dat ik dit stikje skriuw, ein maart, giet it yn 'e media amper oer wat oars as corona, it firus dat de wrâld fierhinne lamlein hat. Foar de taalleafhawwer sit der lykwols wol wat byt oan. Kroandea It wurd corona is Latyn. De âlde romeinen brûkten it foar allegear rûne en kromme dingen, lykas in krânse en - jawol [...]

  • 20 maart 2020

    WIM AALBERS -  Analyse van het Stadsfries als dialect tussen Fries en Nederlands Naar aanleiding van het De Dach fan ut Stadsfrys is er even een levendige discussie geweest over de status van de dialecten die daar onder gerekend worden. De discussies spitsten zich vooral toe op twee punten: De vraag of het de moeite en het geld waard is om aan straatdialecten die nauwelijks [...]

  • 9 maart 2020

    GERBEN DE VRIES -  ‘Tussen 1988 en 2008 bezocht Pieter Jan Verstraete samen met zijn echtgenote jaarlijks een regio in Friesland of een van de Waddeneilanden’, stiet der op de achterflap te lêzen. ‘Steevast werd ook een bezoek gebracht aan het Fries Letterkundig Museum (thans Tresoar) in Leeuwarden. Daar werd het nodige materiaal verzameld over menige Friese taalstrijder’. De Belch skreau der artikelen oer foar [...]

  • 14 februari 2020

    HOUKJE RYPSTRA -  Ambassadeur fan De Kruidhof yn Bûtenpost, koördinator behear by Natuurmonumenten op Skiermuontseach ('sis mar boskwachter'), projektdirekteur B-Rapsody, trouamtner en brânwacht… dat allegear soe Jan Willem Zwart op syn kaartsje sette kinne. In drok beset man mei in passy foar bioferskaat yn al syn fasetten. Mar wat driuwt him dêryn? Hortus De Kruidhof, of better sein De Tún fan Fryslân, is in moai [...]

  • 27 januari 2020

    HENK WOLF -  Er was eens een meisje dat Roodkapje heette. Er staat een huis te koop in de Bomenstraat. Er is iemand aan de deur.   In de bovenstaande zinnen wordt iemand of iets aan de lezer gepresenteerd. In het Nederlands gebeurt dat heel vaak met het woordje er. Het heet in de taalkundige literatuur. In het Fries heeft der dezelfde presentatieve functie: Der [...]

  • 13 januari 2020

    HENK WOLF -  Besikers út it bûtenlân krije faak gjin hichte fan Fryslân, sa fertelt Onno Falkena. ‘Dan wurde se hjirhinne helle foar in konferinsje fan de Fryske Akademy. Se krije te hearren dat it in wichtich sintrum is foar de meartaligens. Se komme dan oan op it stasjon fan Ljouwert en dêr stiet allinnich mar Leeuwarden. Dan tinke se fan: hee, wêr is dy [...]

  • 6 januari 2020

    TSJOMME DIJKSTRA -  De Portugeeske Joana da Silveira Duarte is krekt foar de simmer oansteld as lektor Meertaligheid en Geletterdheid oan NHL Stenden. Se wenne lang yn Dútslân, mar praat no floeiend Frysk. ‘Ik bin al achttjin jier út Portugal wei.’ Se folge om Frysk te learen alle kursussen fan de Afûk, útsein de kursus Skriuw mar Frysk. Duarte: ‘De Afûk seit dat dy allinnich [...]

  • 6 december 2019

    HENK WOLF -  Wa't in Nederlânsktalige bakker hat, heart altyd itselde wurd as bakker freget oft er de bôle foar jo snije moat: 'gesneden'. "Wilt u het gesneden?", "Wenst mevrouw het gesneden?" of "Gesneden of gaat ie zo mee?", hoe't baas bakker it ek seit, it wurd 'gesneden' komt er net omhinne. Mar dan de Frysktalige bakker. Ien sei lêsten tsjin my dat er wol [...]

  • 28 oktober 2019

    HENK WOLF -  Lêsten woe ik de ûndersteande sin opskriuwe. Ik twivele oer de stavering fan ‘aldatsa’. Moasten dêr ek spaasjes yn? Dat, it wurdboek derby. Dat holp my lykwols net. Ik koe it wurd der net yn fine, yn net ien stavering dy’t ik betinke koe. Op taalweb.frl wie myn sykjen ek om ‘e nocht. Itselde ferhaal mei de taaldatabank fan de Fryske Akademy. [...]

  • 23 oktober 2019

    GERBRICH DE JONG -  Okkerdeis seach ik in deade houtsnip lizzen yn de blombak foar it Frysk natuermuseum. Faaks hie ien 'm dêr dellein yn de hope dat er opmurken waard troch de taksydermist. In moaie oanlieding, fûn ik, om my te ferdjipjen yn it wurd 'snip', dat net ien, net twa, mar wol fiif betsjuttingen hat. Hjir komme se.   In hiele oare betsjutting [...]

  • 18 oktober 2019

    PETER DE HAAN -  Er zullen niet veel straten zijn vernoemd naar iemand die in Nederlands-Indië drie van de vijf jaar in het cachot doorbracht, wegens majesteitsschennis is veroordeeld en door meerdere landen tot ongewenst vreemdeling werd verklaard. Toch kent Leeuwarden zo’n straatnaam: de Alexander Cohenwei in het westen van de stad. Op 27 september j.l. was het Alexander Cohens 155ste geboortedag. Wie was deze [...]

  • 20 september 2019

    GERBRICH DE JONG -  Deiblêd Trouw hat op 14 septimber in priisfraach útskreaun foar in nij wurd foar jonge âlde minsken. Fitale âlderen wurde nammentlik net graach ‘âld’ neamd. Trouw kaam sels mei it útstel yep (akronym foar Young Elderly Person). By dat wurd moat men fuort tinke oan 'yup', dat hip en modern klinkt. Mar hielendal tefreden wie de redaksje blykber noch net. Ton den Boon [...]

  • 13 september 2019

    THEO DELFSTRA -  It kadaster is de offisjele ynstânsje dy’t grûnbesit en de eksakte grinzen dêrfan byhâldt. Elkenien dy’t in hûs of in lape grûn keapet, stiet dêryn fermeld. Mar it kadaster is net allinnich in boarne mei de aktuele registraasje. It giet mar leafst twa iuwen tebek, wêrtroch’t it in skat oan unike histoaryske data befettet, mar tagelyk ek de iennige mooglikheid om âld [...]

  • 9 september 2019

    HENK WOLF -  Een poosje geleden was ik op een bijeenkomst over veiligheid in onze buurt. Daar was ook de burgemeester van Groningen aanwezig om klachten van de bewoners aan te horen. Nu bestaat onze wijk uit een oud en een nieuw stuk. Wij wonen in het nieuwe stuk. Het oude stuk heeft wel mooie huizen, maar het is arm, crimineel, vuil - onprettig om [...]

  • 8 juli 2019

    HENK WOLF -  Eigenskipswurden (bijvoeglijke naamwoorden) binne der yn ferskate soarten. 'Grut' en 'lyts' neame wy 'gradueel', omdat se wol tsjinsteld oaninoar binne, mar der ek noch in grut griis tuskengebiet fan 'in bytsje lyts' en 'aardich grut' is. Graduele eigenskipswurden ha as eigenskip dat se in meartrime ('vergrotende trap') ha: 'lytser', 'grutter'.   It Frysk hat fanâlds in oar wurd: 'swier'. Hoe sit it [...]

  • 12 juni 2019

    HENK WOLF -  Op Frysktalige websites wurdt gauris praat oer de kwaliteit fan it Frysk dat dêr brûkt wurdt. It kommentaar komt der meastal op del dat minsken in wurd of in konstruksje tsjinkomme dy't yn har eagen gjin goed Frysk is. Wêrom oft dat dan sa is, sizze se der allinnich hast noait by. Sa krige lêstendeis ien dy't it oer 'ferwantskip' hie it [...]

  • 3 juni 2019

    HENK WOLF -   Gearfetting Ik haw in lyts ûndersykje útfierd nei de akseptaasje fan beskate taalfoarskriften en taalfoarmen. Dat is útfierd ûnder 55 minsken dy't mear as gemiddeld betûft binne yn it brûken fan it Frysk. Op basis fan har oardiel haw ik de regels en taalfoarmen ûnderbrocht yn trije kategoryen: echte flaters, ûniensichheid en achterhelle regels.   Achtergrûn Wa't yn de jierren fyftich op [...]