Haadkategory: Frysk-Fryslân

  • 1 oktober 2010

    BERT LOOPER - It wie spannend yn Fryslân yn dy lêste wike fan maaie 2010. De finansjeel-ekonomyske krisis trof it lân. De oerheden makken har op om mei hurde maatregels de problemen te wjerstean. Wat soe de provinsje Fryslân dwaan? Fansels: kearntaken, ynfrastruktuer, oer datsoarte fan saken soe it grif gean. Mar hoe soe it it Fryske erfgoed ôfgean? Ek yn oare provinsjes en op [...]

  • 1 juni 2010

    MARITA DE JONG  -  'Ik streef naar een zo sober mogelijk beeld' Stephan Vanfleteren (Kortrijk 1969) is in ferneamd fotograaf yn België. Hy studearre fotografy oan de Hogeschool Sint Lukas yn Brussel. Vanfleteren wie de fêste fotograaf fan De Morgen en publisearre ek yn magazines as Paris Match, Die Zeit, The Independent, Le Monde en Volkskrant Magazine. Foarich jier wie der yn Gent de súksesfolle [...]

  • 19 januari 2010

    MARITA DE JONG -  De kofje is brún, hie jonkhear Cees van Eysinga sein troch de tillefoan, en hy hâldt wurd. We sitte yn de moaie histoaryske wenning op Huis ter Heide dêr’t hy tegearre mei syn frou, mefrou M.C.E.W. van Eysinga - barones van Harinxma thoe Slooten, wennet. De keamer azemet ‘grandeur’. Portretten fan foarâlden oan de muorren, antike meubels, foto’s yn listjes, grutte [...]

  • 18 januari 2010

    SJOERD BOTTEMA -  De skoalle dêr’t ik wurkje, hat fan de ynspeksje it predikaat ‘zeer zwak’ krigen. Tefolle sittenbliuwers, tefolle sakkers, tefolle ôfheakkers. Gelokkich ha wy in direksje dy’t it der net by sitte lit en fan trochpakken wit: yn myn postfakje fûn ik in espeltsje A4’s mei dúdlike ynstruksjes hoe’t ik tenei lesjaan moat. 206 ‘gedragsindicatoren’ en 42 ‘aandachtspunten’. Yn it taheakke ‘verbeterplan’ stiet [...]

  • 1 november 2009

    ARJEN DIJKSTRA - Oan ’e ein fan de jierren njoggentich fan de santjinde ieu fochten guon auteurs fan Frysk komôf in fûle pamflettestriid út. De kwestje dêr’t hja harren oer opwine liket op it earste each benammen in lestich technologysk probleem en net mear as in botsing tusken in gelearde professor en in praktysk ynstelde skipper. By neiere bestudearring leit it ek wichtige kulturele, religieuze [...]

  • 1 november 2009

    REITZE JONKMAN -  Jacomine Nortier, wittenskiplik meiwurker oan it Institute of Dutch Language and Culture fan de Universiteit Utert, hat in soarte fan boek skreaun dat net sa faak ferskynt yn Nederlân. It is in boek dat opkomt foar de meartaligens yn Nederlân yn it algemien, mar dêrby net útgiet fan de frjemde talen lykas it Ingelsk. Sy begjint krekt by it belang fan de [...]

  • 18 december 2007

    JELLE BANGMA - Tiny Mulder hat har libben lang dwaande west mei taal en wit as gjin oar de wearde fan goed taalûnderwiis. Sy wist al lang dat ek jonge bern maklik trije talen neist elkoar leare kinne en no't dat ek yn 'e praktyk realisearre wurdt, woe sy graach nochris yn sa'n skoalle sjen. Se wie dêrom in lyts moarntiid te gast op de [...]

  • 18 december 2007

    GOFFE JENSMA -  Foar wa’t graach oer de ieuwen hinne weromsjocht om it ferline oan it hjoed ôf te mjitten sil it in teloarstelling wêze, want wat stelde it allegear foar, dy universiteit fan Fryslân te Frjentsjer? Fêstige yn in lyts stedsje – mei syn 3623 ynwenners (yn 1689) hie Frjentsjer winliken mear de skaal fan in doarp – foel de universiteit getalsmjittich folslein yn [...]

  • 18 december 2007

    ANNE DYKSTRA -  Doe’t de Leeuwarder Courant in jier of wat lyn op ’e foarste side in berjocht hie oer it âldste fynplak fan it wurd neuken, wie dat foar guon lêzers reden om har abonnemint op te sizzen. Dêr waarden se by de Ljouwerter fansels goed kjel fan en der waard sels in ombudsman-achtich stikje oan wijd om de motiven fan ’e redaksje út [...]

  • 10 december 2007

    MARITA DE JONG -  Ald-rjochter Rienk Wegener Sleeswijk fielt him Frysk yn ieren en sinen. Dochs praat er de taal net. Hy fynt dat dêr wolris te folle de klam op lein wurdt. ‘Dan sluit je een groep buiten’. Sleeswijk is noch altyd tige aktyf op it mêd fan de kultuer. Hy wie fan 1986 oant 2005 foarsitter en ponghâlder fan de Ottema Kingma Stichting, [...]

  • 1 juni 2007

    ERNST BRUINSMA & BAUKJE WYTSMA - Philippus Breuker (1939) is berne yn Skingen. Wenne mei heit en mem en fiif jongere broers op in lyts boerespul yn dat doarpke. Heit hie fyftjin kij en wat bou. Nei de HBS soe er studearje yn Wageningen, mar moast dy stúdzje al nei in pear wike ôfbrekke omdat syn heit fûn dat er thús helpe moast. It waard [...]

  • 18 april 2007

    KAREN BIES -  ‘Ek hjir bepaalt de achtergrûn fan it bern faak de kar foar in ferfolchskoalle. It ûnderwiis hat de plicht út it bern te heljen wat deryn sit, en dochs bart dat meastentiids net.’ Hieke Postma sprekt út ûnderfining. Se is foarsitter fan de provinsjale koördinaasje-advysgroep ‘foarskoalsk’. Njoggen jier lang wie se foar de PvdA ûnderwiiswethâlder yn Achtkarspelen, in gemeente mei in grutte [...]

  • 2 maart 2007

    WYBRICH BAKKER -  It Frysk is ferplichte op de basisskoalle, mar eltse skoalle docht syn eigen sin by de ynfolling fan it fak. In oerke Frysk yn de wike jout net folle as de bern meastentiids Nederlansk prate. It omdraaien fan de tiidwurden, ‘ik bin bleaun sitten’, is yntusken modern Frysk, liket it wol. Sikko de Jong hat jierrenlang underwiisynspekteur west, mei Frysk yn syn [...]

  • 1 maart 2007

    WYBRICH BAKKER - It Frysk is ferplichte op de basisskoalle, mar eltse skoalle docht syn eigen sin by de ynfolling fan it fak. In oerke Frysk yn de wike jout net folle as de bern meastentiids Nederlânsk prate. It omdraaien fan de tiidwurden, ‘ik bin bleaun sitten’, is yntusken modern Frysk, liket it wol. Sikko de Jong hat jierrenlang ûnderwiisynspekteur west, mei Frysk yn syn [...]

  • 18 november 2006

    RYNK BOSMA -  Nei it dochs wol dramatyske jier 2004, doe’t de Fryske Akademy-begrutting in miljoen te min hie, is der al wer hiel wat bard. Sûnt juny 2006 is prof. Reinier Salverda (57) de nije ‘direkteur/bestjoerder’ fan de Akademy. Hy moat him ferantwurdzje foar in fiifkoppige Rie fan Tafersjoch, mar fierder is Reinier Salverda de einferantwurdlike. Dêrmei hat de akademy in man binnen de [...]

  • 1 oktober 2006

    ERNST BRUINSMA - Hendrik ten Hoeve (1945) is ûnderwizer, ferteller fan ferhalen en al sûnt 1974 lid fan de gemeenteried yn Ljouwert. Hy is in oertsjûge lid fan de PvdA, mar ‘se’ dogge it him net altyd nei it sin. Hy is fral bekend om syn ferhalen oer de skiednis fan Ljouwert by Omrop Fryslân en de lokale omrop Mercurius. Ik bin by Hendrik ten [...]

  • 1 april 2006

    GRYT VAN DUINEN - Op it Friesland College wurdt net mear praat fan fakken, roasters, leararen, sifers, klassen, learlingen, repetysjes, opliedings en eksamens. It nije learen hat ek in nije taal. It giet no om kompetinsjes, kearndoelen, kursisten, portfolio’s, refleksje, coaches, fakspesjalisten, leartrajekten en panelpetearen. Lanlik rint it Friesland College foarop mei de yntroduksje fan it nije learen yn it beropsûnderwiis. It Friesland College is [...]

  • 1 december 2005

    ERNST BRUINSMA - Sytse ten Hoeve, fanôf 1976 wurksum as direkteur fan it Skipfeartmuseum yn Snits, naam op 17 desimber ôfskie. It wie in sfearfol barren. Wy praten mei him yn Nijlân, yn syn hûs ‘met vele kamers’, oer syn wurksume libben dat nei it ôfskie noch lang net ôfrûn is. De besiker fan it hûs oan de Tramstrjitte wurdt fuortendaalk konfrontearre mei de belangrykste [...]

  • 12 juni 2005

    KERST HUISMAN - Fjouwer maaie: dat doch ik allinnich thús. Ik doch oan de kollektive deadebetinking al jierren net mear mei nei’t al sawat fjirtich jier lyn besletten is dat op de fjirde maaie ek alle Nederlânske militêren betocht wurde, dy’t nei 1945 fallen binne. Dus ek dy yn Yndonesië en de frijwilligers yn Korea, dêr’t ek krekt wer frijkommen leden fan de Nederlânske SS [...]

  • 1 december 2004

    TINY ROMKEMA -  ‘It leit him oan de âlders yn Fryslân dat har bern ûnder har nivo presteare en der net úthelje wat der yn sit’. Professor doktor Douwe D. Breimer, rector magnificus fan de Universiteit Leiden, is der in grut foarstanner fan dat jongeren better om har hinne sjogge foardat se beslute om mar yn Grins te studearjen, om’t dat ‘sa moai tichtby is’, [...]