Haadkategory: Frysk-Fryslân

  • 2 augustus 2013

    PIER BERGSMA - Op papier sjocht it der goed út. Oan prinsipes, lykas rekken hâlde mei alle bern, beskikbere boeken en materialen, gjin brek. Mar it stiet der net goed foar mei it Frysk op ús basisskoallen. Der binne oare belangen. Ik haw in grut part fan myn bernejierren trochbrocht op it Fryske plattelân. Troch omstannichheden dy’t der net ta dogge, siet ik in pear [...]

  • 1 augustus 2013

    Meartalichheid is feitliks gjin keunst oan. Jo krije it mei en profitearje derfan. Dat hat net altyd sa west. Feitliks fiere talen altyd oarloch mei inoar, foaral as de iene dominearjen giet en de oare sichtber en hearber terrein ferliest. Krekt dan komme minsken – idealisten, perverselingen – yn aksje. En wittenskippers fansels. Wat hâldt it ûndersyk nei it talige fermogen fan minsken krekt yn? [...]

  • 31 juli 2013

    NIENKE JET DE VRIES - Oeral yn Nederlân, en ek yn it bûtenlân, wurde de universitêre taal- en letterkundestúdzjes hurd troffen troch besunigings en reorganisaasjes. De stúdzje Fryske taal en kultuer liket de dûns lykwols ûntsprongen te wêzen. Dat is net fansels gien, nee, dêr is hurd foar striden, troch dosinten, studinten en Fryske polityk en organisaasjes. Der is alles op alles setten om de [...]

  • 30 juli 2013

    COR VAN DER MEER - Wêr wurdt Frysk praat yn Europa? De Fryske talen binne (Westerlauwersk) Frysk, Noardfrysk en Eastfrysk. Fan it Eastfrysk binne lykwols alle dialekten útstoarn, útsein it Sealterfrysk. De Fryske talen wurde as memmetaal sprutsen troch likernôch 610.000 minsken, benammen yn ’e Nederlânske provinsje Fryslân en fierders yn Noard-Fryslân en Sealterlân yn Dútslân. Hoefolle minderheidstalen binne der yn Europa? Der binne ûngefear sechtich [...]

  • 29 juli 2013

    REITZE J. JONKMAN - Toetsen is it ûndersykjen fan hoe goed oft ien wat wit of kin. Dat hat fansels alles mei learen te krijen. As ien leart, dan wit of kin er neitiid mear. Mar hoe witte wy oft ien wat mear kin of wit? Yn it ûnderwiis betinke leararen allerhanne repetysjes, proefwurken, oerhearringen, testen ensafuorthinne foar harren eigen klassen of groepen. Nei sokke [...]

  • 26 juli 2013

     HENK WOLF - Op basisskoalle Ysgol y Garnedd yn it Welske Bangor hingje de muorren fan de lokalen fol mei papierkes dêr’t wurden op steane. ‘Der is dêr wier gjin rút of muorre dêr’t neat op hinget’, seit Ewoud van der Weide. ‘Alles wurdt by alle tema’s ek wer fernijd. Wy fregen ús wol ôf oft kaartsjes op alle ruten en muorren net wat tefolle [...]

  • 25 juli 2013

    DOUWE KOOTSTRA - Congressen en symposia, je kunt me er altijd wakker voor maken. En ik bof, want er gaat bijna geen kwartaal voorbij of ik mag weer aantreden. Het Mercator Research Centre, opererend onder de krachtige vleugels van het Center of Excellence de Fryske Akademy, is op het terrein van meertaligheid internationaal sterk profilerend bezig. Taalwetenschappers uit heel Europa en soms ook daarbuiten worden [...]

  • 24 juli 2013

    JELLE BANGMA - It Meartalich Fuortset Underwiis (MFU) stiet yn Fryslân noch yn ’e berneskuon. De pilot, dy’t trije jier ferlyn opset is, wurdt útfierd op it Liudger yn Burgum en op twa lokaasjes fan it Bogerman, yn Wommels en yn Koudum. Mar de skoallen binne entûsjast en de learlingen net minder. ‘En de prestaasjes fan de learlingen binne prima’, sa oardielet dosinte en koördinatrise [...]

  • 23 juli 2013

    NYNKE VAN DER ZEE - If you - being one of the few lucky ones - have had English in primary school, you will probably recall the sneaky snigger in the classroom when the teacher started to sing in his corny-English accent: "Twinkul, twinkul, liddel stàr". But let's be honest, teaching in English isn’t easy when it is not your first language. Therefore, many trilingual [...]

  • 22 juli 2013

    GELLIE WINKEL - OBS De Pôlle út Marsum is in Trijetalige Skoalle. Dat betsjut dat de learlingen les krije yn trije talen: Nederlânsk, Frysk en Ingelsk. Yn Fryslân hawwe goed fyftich skoallen dat trijetalige sinjatuer. Gellie Winkel is taal- en kultuerkoördinator oan OBS De Pôlle en jout les oan groep 3 en 4, middeis slút ek groep 5 oan. Spesjaal foar de Moanne hold ‘juf [...]

  • 19 juli 2013

    Anita Andriesen paste op Fryslân. Har missy: de romtlike kwaliteit beskermje. Nei har ferstjerren yn 2008 rôp de provinsje Fryslân de Anita Andriesen Priis foar Romtlike Kwaliteit yn it libben. Dy oeuvrepriis wurdt fan ‘t hjerst foar de twadde kear útrikt. Oant en mei 9 septimber 2013 kin elkenien in persoan, organisaasje of (wurk)groep nominearje foar de priis. ‘Romtlike kwaliteit is in liedend prinsipe yn [...]

  • 19 juli 2013

    MARIEKE VINCKERS - Bern dy’t yn Heech nei pjutteboartersplak 'it Pikepôltsje' geane, krije begelieding yn it Frysk. Liedster Geeske Andringa is bliid dat it pjutteboartersplak him sa'n fiif jier ferlyn oansletten hat by it SFBO (Sintrum Frysktalige Berne-opfang). It SFBO stimulearret de twatalige ûntwikkeling fan bern. Geeske: ‘Frysk is myn memmetaal. Ik fyn it in prachtige taal, dy't ik ek graach dageliks brûke wol.’ It [...]

  • 18 juli 2013

    MARRIT DE SCHIFFART - Tomke mantsje altyd blier… Luuk Klazenga, ‘heit’ en tekener fan Tomke, is wiis mei dy earste sin fan it yntrolietsje fan Tomketiid. It figuerke - dat er al sûnt 1996 op papier set – is ek echt altyd blier, neffens him. ‘Tomke hat noait in min sin, laket altyd, hiel soms is er wol lilk of fertrietlik, om wat er meimakket, [...]

  • 17 juli 2013

    EELKE GOODIJK - Fryslân hat in frij lange histoarje as it giet om meartalich ûnderwiis. Sûnt de jierren fyftich yn de foarige ieu is der hjirre al sprake fan in beweging nei twatalige skoallen. En yn de jierren sechstich hawwe der sels sa’n tachtich twatalige skoallen yn Fryslân west. Meartalich ûnderwiis hat ommers positive effekten op de taalûntwikkeling fan bern en spilet ek net swak [...]

  • 16 juli 2013

    KAREN BIES - Yn de twadde klasse fan de middelbere skoalle koene wy kieze tusken Latyn en Frysk. Ik keas Frysk, omdat ik ûnnoazelwei tocht dat ik dêrmei fierder komme soe. En dat it handiger wie om foar in libbene taal te kiezen as foar in deadenien. Jo sjogge wat dêr fan kommen is. Ik wenje noch altyd yn Fryslân en it Frysk is op [...]

  • 15 juli 2013

    PIER BERGSMA - Jo soenen begrutsjen krije mei de froulju dy’t dei yn dei út, sûnder útsjoch op in better bestean, yn de neare lucht fan lokalen sûnder airco besykje moatte ek de ûnnoazelste bern fan de ûnnoazelste âlden wat by te bringen. Dat is noch net alles. It folk foar de klasse docht neat oan it narjen. De steatssekretaris wol no in nije wet [...]

  • 12 juli 2013

    SJOERD BOTTEMA -  Fryske misdieliteratuer: in anonime skriuwer Yn 1948 ferskynt in sa op it each tin boekje, mar it binne dochs noch 191 siden, mei op it fierder keale omslach – gjin titel of skriuwersnamme – in beskieden ôfbylding fan in mantsje op klompen, pet op en piip yn ’e hân. Dat mantsje is ‘Stille Bouke’. Dy namme en kwalifikaasje foarmje tagelyk ek ienfâldichwei [...]

  • 1 juli 2013

    HENK WOLF - It Frysk is gjin suske fan it Ingelsk. Friezen wolle dat heel graach en de ûnderstelde nauwe famyljerelaasje tusken ús minderheidstaal en de grutte wrâldtaal is sels yn heel wat lesboeken te finen. Mar dy relaasje is fiksje. Wat wol it sizze as twa talen famylje faninoar binne? Wol dy metafoar wurkje, dan moatte wy de stambeam fan minsken en oare wringedieren [...]

  • 24 juni 2013

    ROB DU JARDIN -  Yn ’e diskusje oer staveringsferoaring komme der hieltyd wer arguminten oer it wurdbyld en oer hoe’t minsken dêr tsjinoan sjogge. Binne dêr faaks al wat feitlike gegevens oer bekend? Lit ik oer titels fantasearje: -‘Perception, memorization and reproduction of written language from a neuropsychological perspective: an overview of the literature’, -‘The effect of word perception on the learning of new words: [...]

  • 18 juni 2013

    ANNEWIEP BLOEM -  De soarch is al jierrenlang in wichtich beliedsmêd as it giet om it brûken en sichtber meitsjen fan it Frysk. Op dit stuit is ‘regy foar de soarchfreger’ in wichtich tema yn de soarch. Soarchferlieners bepale net wat goed is foar de soarchfreger, dat bepaalt hy of sy sels. Kommunikaasje tusken soarchfreger em soarchferliener en dêrmei taal krijt dan ek in hieltyd [...]