Haadkategory: Frysk-Fryslân

  • 24 februari 2015

    KAREL F. GILDEMACHER -  Nederlân is in nuver lân, want der binne gjin algemiene regels of rjochtlinen foar ierdrykskundige nammen. Hast alle lannen hawwe dy wol. Se wolle betizing foar wêze en it foar de minsken oer it generaal makliker meitsje om nammen te skriuwen of út te sprekken. Yn Nederlân, dus ek yn Fryslân, is de gemeenteried baas oer alle nammen fan plakken, wetters, [...]

  • 20 februari 2015

    HENK WOLF -  Koartlyn krige ik de fraach oft je no it Hearrenfean en de Knipe ensfh. (mei lytse letter) of It Hearrenfean en De Knipe (mei haadletters) skriuwe moatte. Ik moat sizze dat it my earlik sein net it measte ynteressearret en dat ik mei beide foarmen gjin muoite ha, as de skriuwer yn ien tekst mar konsekwint is. Mar ik wol Fryskskriuwers bêst [...]

  • 18 februari 2015

    ARJAN HUT -  It is ien fan de films dêr't yn de tsjustere krochten fan it ynternet it botst om socht wurdt. Guon minsken beweare dat se him sjoen ha, op in âlde FBI-ynstruksjebân, of dat se de identiteit fan de filmster kenne. It giet om de Babushka-film, in amateurfilmke sketten op 22 novimber 1963 yn Dallas. It lit de moard op president Kennedy sjen, [...]

  • 29 januari 2015

    GERBEN DE VRIES -  In dissertaasje is in akademysk proefskrift. De promovendus wurket fjouwer jier of langer oan dizze wittenskiplike ferhanneling en at er it fragenoerke by it promovearjen sels oerlibbet mei er himsels doktor neame. No binne der útsoarte dissertaasjes yn ferskate soarten. Yn de (ek wittenskiplike) parse wurdt de lêste tiid wolris de yndruk jûn dat der hjoeddedei folle faker as foarhinne proefskriften [...]

  • 23 januari 2015

    HENK WOLF -  Al ruim een halfjaar krijg ik wekelijks Charlie Hebdo in de bus. Op 8 januari zat er weer een nummer bij de post, het laatste waaraan de voltallige redactie had meegewerkt. Een dag eerder waren een aantal van mijn favoriete tekenaars vermoord. Mijn verminkte hebdomadaire krijgt een heleboel morele steun, maar in terzijdes, nevenschikkingen die beginnen met 'maar' en in artikelen met [...]

  • 31 december 2014

    ERIK BETTEN -  De gatten falle yn de flier, it ljocht hat syn kueren en der lekt wolris wat. Dochs is Zalen Schaaf de húskeamer fan Ljouwert. It is ek in magysk plak dêr’t de tiid oars ferrint, in plak fan ûnthâld. En ‘Schaaf’ is noch hieltyd it grutste poadium fan de stêd. De fraach is wol hoelang noch. Formeel hyt it tsjintwurdich Muziekcentrum Schaaf, [...]

  • 25 december 2014

    SJOERD BOTTEMA -  Harke Bremer en Jarich Hoekstra ha mei in rige Fryske Bommeloersettingen harren namme foar ivich byskreaun yn ’e earegalerij fan ’e Fryske literatuer. “Knorrig ontsteeg hij aan het voertuig en monsterde het uithangbord”; yn de oersetting fan Bremer en Hoekstra klinkt it hast noch moaier as yn it orizjineel: “Noartlich joech er him oerein út it reau en skôge it hingelboerd”. Hichtepunt [...]

  • 17 december 2014

    GERBEN DE VRIES -  It hat my altiten yntrigrearre wêrom't minsken faak al nei inkelde desennia útsjoen binne op neiooarlochske nijbouwwiken. Moatte der huzeblokken fan somtiden mar tritich jier âld wike foar oare projekten, dan is it foar de gemeente gjin probleem om dy gebouwen mei de grûn lyk te meitsjen. It liket der op as binne wethâlders en beliedsmakkers bliid dat se wer sa'n grouwélich [...]

  • 1 december 2014

    FRIDUWIH RIEMERSMA –  De arguminten yn it debat oer de foarnommen staveringsherfoarming en standertwurdlist rinne útinoar tusken fakgebieten. Dat is logysk mar lestich; it draacht net by oan oersjoch op de kwestje. It soe sa moai wêze as immen my syn stânpunten útlizze koe dy’t ferstân hat fan de deistige praktyk fan it ûnderwiis, dy’t taal net inkeld funksjoneel tapast mar ek artistyk, leafst as [...]

  • 11 november 2014

    FRIDUWIH RIEMERSMA -  It oanfolle argyf fan Henk Wolf oer de foarnommen staveringswiziging befettet 113 artikels en is al lang net mear up to date want der binne nei heal oktober al wer in stikmannich nije stikken oer de stavering en standert bykommen. Mar yn it hiele argyf, noch yn de neikommen post dy't my berikte, komt it kaaiwurd 'nasjonalisme' nei foaren. Dat is apart [...]

  • 3 november 2014

    HENK WOLF -  Koartlyn skreaunen de tige wurdearre kollega-taalkollumnisten fan Taalbaas in stikje mei de titel Tegeltsjeswiisheid. Ik seach dêr efkes wat nuver tsjin oan. Ik soe tegeltsjewiisheid sizze, sûnder dy tusken-s deryn. Ik ha de Grammatica Fries fan Jan Popkema der efkes by pakt. Dy seit yndied dat yn it Frysk yn sokke gearstalde wurden, de útgong fan in ferlytsingswurd de tuskenklank foarmet, wylst [...]

  • 27 oktober 2014

    FROUKJE SIJTSMA -  Skriuwers út it hiele lân joegen gehoar oan de oprop fan de Ljouwerter histoaryske feriening Aed Levwerd om sels ferhalen te betinken by histoaryske gevelstiennen, muorrereklames of opskriften, dy’t yn de binnenstêd te finen binne. De fyftjin meast bysûndere ferhalen fan de yn totaal 52 ynstjoerde ferhalen binne bondele yn it boekje ‘Wat je Saeye, wat je maeye’. Snein 26 oktober wie de [...]

  • 20 oktober 2014

    GERBEN DE VRIES -  De skiedskriuwing oer Fryslan en oer Fryske saken en ûntjowingen is eins noch mar koartlyn professionalisearre. Alteast, dat beweare in tal gelearde mannen yn de bondel Geschiedschrijving 1900-1940, in het bijzonder over Friesland, en ik tink dat hja dêr wol yn gelyk yn hawwe. Oan de oare kant is it ek wer net sa'n wûnderlike stelling. De yn it twadde part fan [...]

  • 10 oktober 2014

    SJOERD VAN METEREN -   E.M. Galerie bestiet 15 jier en Elzbiéta Middel frege 15 skriuwers en keunstners út Fryslân om harren fisy op de Fryske myte te ferbyldzjen. Ien fan de dielnimmers is Sjoerd van Meteren en de Moanne publisearret in útwreide fersy fan syn bydrage oan dizze útstalling dy't noch oant 22 novimber te sjen is.    Het plaatselijke is het enige universele [...]

  • 29 september 2014

    HENK WOLF -  Der is wat nuvers mei it wurd sûnenssoarch. Dat wurd is in saneamde gearstalling, in 'samenstelling'. Dat is in wurd dat bestiet út twa of mear oare wurden. Dat binne hjir fansels sûnens en soarch. No is der yn it Frysk fanâlds wat nuvers mei wurden dy't eingje op -ens. Jo kinne der gjin oare wurden mear achter plakke. Dat is net [...]

  • 22 september 2014

    WILLEM WINTERS - It skaaimerk fan Fryslân is de romte, binne de fiere kimen. Teminsten at men poëten en oar romantysk folk - guon keunstners, fotografen en politisy - leauwe wol. Ik doch net mei. Dat trompetterjen oer de Fryske romte is teater. Wêr fynst noch in ûnbehindere útsicht fan in kilometer. Nim allinnich mar de gefolgen fan de heak om Ljouwert. Koest earst yn [...]

  • 15 augustus 2014

    HENK WOLF -  Yn meartalige situaasjes folgje minsken faak aardich strakke regels om te kiezen tusken de iene taal en de oare. Dat binne gjin regels dy't op papier steane. It slagget minsken ek lang net altyd om se ûnder wurden te bringen, mar se witte wol presys wannear't se oertrêde wurde. Ik waard my lêsten fan in pear fan dy regels bewust doe't ik [...]

  • 7 augustus 2014

    ONNO FALKENA -  Taal achterút op Bonêre troch steatkundige herfoarming ‘Lit ús posityf begjinne, guon saken binne better wurden.’ Oan it wurd is foarsitter Gerladine Dammers fan de Akademia Papiamentu fan it eilân Bonêre, foarhinne ek polityk aktyf as deputearre ûnderwiis en kultuer fan it eilân, dat op mear as 8.000 kilometer fan Den Haach leit. ‘De sûnenssoarch is better wurden, eltsenien hat in medyske [...]

  • 22 juli 2014

    REMCO DE VRIES -  Oardel oere op it wetter. Dêr moat skriuwer en dichter Maarten Inghels út België it mei dwaan. Hy moat der ek noch acht oeren foar yn de trein sitte mei fjouwer oeren hinne en fjouwer oeren werom. En as ik him net op tiid yn Ljouwert krij, wurdt it in lange rit mei him nei Antwerpen ta. Al is it gjin [...]

  • 3 juli 2014

    GERBEN DE VRIES -  Hast elkenien dy't it slik fan de Waadeilannen bydel rint, hopet oait wat fan wearde te finen. In ring, in juwiel, in sulveren of gouden munt. It komt ek noch altiten foar dat der yndie wat wichtichs tusken it seewier, plestik en âlde skuon fûn wurdt. Sa fûn yn 1997 in skoaljonge út Winterswijk op it strân fan Flylân noch in sulveren munt mei [...]