Gozert set bern en folwoeksenen yn beweging

Publisearre op 30 mei 2024

FROUKJE SIJTSMA –

Frysk jeugdteäterselskip Frets stiet sûnt febrewaris op de planken mei de Frysktalige bewurking fan it bekroande berneboek Gozert. It boek en de foarstelling meitsje in soad los. Net allinnich by skoalbern, dy’t mei entûsjasme opgean yn de kleurrike tëaterfoarstelling, mar ek by learkrêften en âlden. Sy wurde útdage om bûten de lyntsjes fan it libben te kleurjen. In werjefte fan petearen mei skriuwer Pieter Koolwijk, akteur Patrick de Vries fan Frets en oersetter Rymke Zijlstra fan it Frysktalige berneboek Gozert.

Yn 2021 waard Gozert fan jeugdboekeskriuwer Pieter Koolwijk bekroand mei de Gouden Griffel foar it bêste berneboek. Gozert giet oer it jonkje Ties dat mei syn ûnsichtbere freon Gozert de fantastyskste en wûnderlikste aventoeren belibbet. Mar hy rekket dêrtroch ek geregeld yn de problemen. Ties syn famylje wit net goed ried mei de oanwêzichheid fan Gozert. Syn heit en mem wolle dat syn selsbetochte freon ferdwine sil as er medikaasje nimt. It jonkje sil dêrom in skoftke útfanhûzje yn Huize Hoopvol, in plak dêr’t minsken him helpe sille om Gozert te ferjitten. Al belibbet Ties dat yn it begjin sels hiel oars. Syn freonskip mei Gozert en de fantasij geane dêr yn it begjin noch yn folle gong troch:

‘… De kastielyngong wie heech, sa ast ferwachtsje soest, en fan it plafond ôf bingelen ljochtjaande planten omleech. Oan de muorren hongen grutte doeken mei emblemen derop en oeral brânden fakkels. Mar it wie dêr foaral supergesellich. Oars as dat koe ik it net omskriuwe. Oeral wienen bern. Boartsjende bern. Laitsjende bern. Bern dy’t achterinoar oan draafden, stienen te dûnsjen of lekker ûnderút sakke yn in noflike stoel sieten. Foar my wie it sa dúdlik as wat: Gozert en ik soenen ús hjir poerbêst fermeitsje…’ (út: Gozert, side 93)

Kleurryk
Akteur Patrick de Vries (36) spilet de rol fan Ties yn de foarstelling. Mei syn twa bêste freonen Freerk Hospes (32) en Johannes Hospes (32) foarmet Patrick al tsien jier it teäterselskip Frets. In pear jier lyn lies er Gozert en hy wie bot ûnder de yndruk fan it boek. ‘Wat my it meast oansprekt yn Gozert is de enoarme fantasij. Ties en Gozert belibje tegearre de wyldste aventoeren. Dy soargje foar kleur yn in bytiden griis en saai libben. It is echt huodsje op, huodsje ôf. Ik koe de bylden foar in teäterfoarstelling al hielendal foar my sjen.’

By it lêzen rekke Patrick dêrneist ek ûntroerd. ‘It boek is hiel goed skreaun. It rekke my ek persoanlik.’ De akteur werkent de situaasje fan Ties út syn eigen omjouwing. ‘Ik kin my goed ynlibje hoe’t it foar in persoan sels, mar ek foar de famyljeleden is, hoe’t it is om oars te wêzen of “ôfwikend” gedrach te hawwen. Wêr kieze je as âlden dan foar? In pil, lykas Ties dwaan moat om gjin somby te wurden (lês: om foar te kommen dat er nei in sletten ôfdieling moat), of slagget it ek om echt nei it bern sels te sjen? En wêr’t it ferlet fan hat?’

Gozert yn it Frysk
De trije akteurs fan Frets benaderen útjouwerij Lemniscaat mei de fraach oft se in teäterfoarstelling meitsje mochten oer Gozert. Yn de provinsje Fryslân woenen se dy dan yn it Frysk opfiere. De útjouwer gie akkoart, mar doe moast Pieter Koolwijk – de skriuwer, dy’t dit jier ek it berneboekewikegeskink skriuwt – noch tastimming jaan. De freonen wienen hiel senuweftich om Pieter te moetsjen, mar it klikte fuort. Hielendal doe’t bliken die dat Koolwijk, dy’t yn Drinte wennet, ek Fryske woartels hat. ‘Hy fûn it geweldich dat wy in teäterfoarstelling oer Gozert meitsje woenen.’

By útjouwerij Afûk wienen ek al plannen om Gozert nei it Frysk oer te setten. Troch de teäterfoarstelling fan Frets kaam dat moai byinoar. Rymke Zijlstra waard frege om in Frysktalige oersetting te fersoargjen. Har Fryske oersettingen fan De Bruorren Liuwehert (Astrid Lindgren) en Lampke (it mei de Gouden Griffel bekroande Nederlânsktalige berneboek fan Annet Schaap) krigen yn respektyflik 2022 en 2024 in nominaasje op de IBBY Honour List fan ynternasjonale berne- en jeugdliteratuer.

‘Wat Pieter Koolwijk hiel moai docht, en wat ik ek perfoarst út dit boek helle haw, is dat hy de drege dingen dy’t oan bar komme mei in hiel soad humor beskriuwt’, fertelt Rymke. ‘Lykas it tatsjinjen fan medisinen by hiel jonge bern, oars wêze, ADHD hawwe of stimmen yn ’e holle hearre en sels opnommen wurden yn in klinyk. Hy docht dat mei in soarte fan luchtichheid: troch de wurden dy’t er brûkt en de repliken yn de dialogen. Dat docht er hiel tûk, hiel skerp. Dat binne foar in oersetter krinten yn ’e brij!’

Museum-Ties, bewakers, memDuvelsk dilemma
As tarieding op de teäterfoarstelling praten de akteurs fan Frets mei in soad minsken oer dy psychologyske tema’s yn Gozert. ‘Bygelyks mei âlden fan bern mei ADHD of autisme, mar ek mei helpferlieners yn de soarch en op skoalle’, fertelt Patrick. ‘Guon bern krije medikaasje. Dêrtroch is de situaasje foar it bern sels, mar ek foar de omjouwing behearskber.’ As ûnderwizer hat hy it dilemma ek wol meimakke. ‘Troch medikaasje kin de “negative” stim mear dimd wurde en is it foar âlden nofliker, mar bern kinne ek ôfflakke.’

En dêr beneamt Patrick in belangryk punt dat Pieter Koolwijk mei Gozert oansnije wol: meie bern oars wêze? Is it slim at se in bytsje, of miskien sels in bytsje mear, ôfwike fan de standert? Of moat mei medikaasje en terapy yngrepen wurde?

‘Ik fûn it net allinne mar in tryst ferhaal, just net’, sa is oersetter Rymke Zijlstra fan betinken. ‘De wrâld fan Gozert is fantastysk, wyld, fol kleuren, Ties en Gozert belibje tegearre de moaiste aventoeren. Wat ik miskien tryst fyn, is hoe’t de folwoeksenen mei dy bern omgeane. Yn it foarste plak binne dat dan de heit en mem fan Ties – en dan is syn mem slimmer as syn heit – dy lústerje net nei Ties, dy hawwe foaral lêst fan Ties en syn drokte (ADHD), en fansels de doktoaren. Dat kin ik ek wol wer begripe, as folwoeksene, en dat it as âlder net tafalt mei alle ferantwurdlikheden fan it folwoeksen libben. Dat is ek hoe’t it yn ús tiid is: drok, drok, wurk, wurk, alle folwoeksen dingen yn it libben. Dan is der gjin romte om te lústerjen, foar gekke dingen, foar fantasy. Yn dy sin binne it boek en de foarstelling dus in tige goed slagge miks fan de hurde werklikheid fan ús wrâld en ús tiid, ús maatskippij, en de prachtige fantasy fan bern dêr’t alles yn kin.’

Bern fersus folwoeksenen
Op it momint dat Ties, ûnder druk, beslút om dochs syn pillen te nimmen om Gozert ferdwine te litten, raze de bern yn it teäter op harren lûdst. ‘Net dwaan, nim dat piltsje net! Néé, niet doen!’ Neffens Patrick belibje de skoalbern de foarstelling hiel oars as harren âlden en learkrêften. ‘Foar de bern stiet it net nimmen fan dat piltsje symboal foar freonskip en dêrmei foar frijheid, kleur en boartsjen. Mei Gozert is it ommers altyd feest, kinne je laitsje en hawwe je it gesellich.’

‘Wy wolle bern meijaan dat se altyd in keuze hawwe’, seit Patrick. ‘Gozert is fansels ek in soarte fan foute freon, dy’t Ties dingen dwaan lit dy’t er eins miskien hielendal net wol. Wy wolle fertelle datst as bern altyd nei dysels harkje meist. En dat it belangryk is om kontakt te meitsjen mei dyn omjouwing.’

Wannear’t ik Pieter Koolwijk tref by de premjêre fan de teäterfoarstelling fan Frets praat ik mei him oer hoe’t bern en hoe’t folwoeksenen Gozert belibje. Ik begryp dat it belangryk is dat bern harsels wêze meie, mar wêr sit dan de skiedsline tusken oars wêzen en de serieuze psychiatryske problemen dy’t oanpassing fergje? En is sokke tematyk dan eins net te heftich foar jonge bern?

Koolwijk fertelt dat hy as bern in hiel drok jonkje wie, dat tsjintwurdich it label ADHD krije soe. Fansels wie dat útdaagjend foar syn famylje en seker ek foar himsels. Hy hie muoite om te fokusjen, mar al syn kreativiteit en briljante útspattingen leveren him just ek in soad op. Koolwijk fertelt oer in bern yn syn famylje dat wol medikaasje krijt. ‘Dit schoolkind kan zich nu heel goed concentreren. Het is ook niet dat ik een oordeel uitspreek over wat goed of wat fout is, maar ik hoop dat ouders, leerkrachten en hulpverleners met elkaar het gesprek aangaan naar aanleiding van Gozert.’ En foaral ek mei de bern.

 ‘Alle bern binne oars en je wolle dat elk unyk bern him sjoen en heard field’, stelt Patrick. ‘Mar dêr leit as skoalmaster ek in útdaging, want as der ien bern yn de klasse is dat hiel sfearbepalend is, dan wolle je dat dat bern op in stuit ek gewoan stil is en meidocht. Je wolle ommers dat de hiele groep wat leart. Op sa’n momint is it ferlet fan de mearderheid yn de groep foar my fan belang.’

‘…It is toch sa?’, gie ik fierder. ‘It giet allinne noch mar oer Gozert. Hoe ferkeard at er is. Dat er net bestiet. Dat er my problemen besoarget.’ Ik begûn oan myn neils te peuterjen. ‘Gozert krijt oeral de skuld fan, en it giet noait mear oer Ties…’ (út: Gozert, side 154)

Bern en folwoeksenen belibje it boek en de teäterfoarstelling fan Gozert oars en helje dêr elk harren eigen boadskip út. ‘Gean as folwoeksene it petear oan mei de bern. Praat mei harren en beslút net alles foar harren. Hast dyn bern echt folslein sjoen sa’t it is? Dy fraach stiet hielendal los fan de diskusje oftst dy pil no wol of net nimst. Dat is wat Gozert dúdlik meitsje wol’, beslút Patrick.

 

Froukje Sijtsma is sjoernalist en makket ferhalen foar de Moanne, Tresoar, Omrop Fryslân, Heit & mem en oare meartalige media 

 

Kategory
Tags

Gjin tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels