Earste solo-album Nyk de Vries

Publisearre op 4 juni 2024

Op tiisdei 4 juny ferskynt ‘ Hoeveel woorden’, it earste soloalbum fan skriuwer / muzikant Nyk de Vries. Al jierren treedt de eardere Dichter fan Fryslân op mei syn mjuks fan muzyk en tekst. Beharkje it hjir op Spotify.

‘Hoeveel woorden ‘ befettet parlando-nûmers, mar ek echte popsongs, lykas de earste single ‘Onze Auke’. In soad teksten binne autobiografysk, lykas dy oer syn âlden (‘Spijkers’, ‘Ongewis’), syn middelbere skoaltiid (‘Hamster ’) en syn freonen (`Meindert’). Tagelyk toant Nyk him in belutsen makker. Hy waard berne yn in Frysk doarp fan arbeiders en boeren. Underwilens wennet er mei syn húshâlding yn it gentrifisearre Amsterdam-East. De twadieling komt nei foaren yn meardere nûmers (‘Begin’,  ‘Wat wordt het morgen’, ‘Lok’) dêr’t er yn besiket om tsjinstellingen dy ’t yn him libje mei-inoar te ferienigjen.

Nyk treedt ynternasjonaal op mei syn teksten en muzyk. Hy wie Dichter fan Fryslân yn de jierren 2020 en 2021. De tekst fan it nûmer Begin wie (yn it Frysk) earder syn iepeningsgedicht as DfF. Ek oare teksten sille de lêzers fan syn gedichten en ultrakoarte ferhalen bekend foarkomme. Earder brocht er albums út mei it Saksofoan-kwarttet Artvark. Op de middelbere skoalle begong er as sjonger fan de band The Amp en letter wie er drummer, by Meindert Talma. Takom jier ferskynt der fan syn hân in nije roman by De Arbeiderspers.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels