Dichter Hindirk Hannema ferstoarn

Publisearre op 21 mei 2024

TIALDA HOOGEVEEN – Dichter, skriuwer en performer Hindirk Hannema is foarige wike ferstoarn op 33e jierrige leeftiid. Hindirk wie in bekende yn it literêre sirkwy, wêr’t hy in opfallende ferskining wie op it poadium. Net allinnich syn teksten foelen op, mar ek syn foarkommen. Ek oan ‘de Moanne’ hat hy bydragen levere yn de foarm fan gedichten en in ferhaal.

Sels ha ik Hindirk Hannema, pseudonym fan Hindirk Jan Schotanus, mar in pear kear troffen. Dy kearen hawwe yndruk op my makke. Syn performance op it poadium, syn selsbetrouwen as hy der stie en it lef om ferwarring te skoppen fûn ik grappich, amusant en dapper. Orizjineel is ien fan de kwalifikaasjes dy’t ik syn teksten jaan soe. It wie in ûnderskiedend mins, as dichter én yn syn foardrachten.

Hindirk Hannema

Hindirk Hannema

Jierren lyn wie ik benijd wurden nei dizze man, syn namme en wurk wiene foar him útreizge. Ik wie dan ek bliid te sjen dat syn namme op ‘e list ston doe’t Dichterskollektyf Rixt en ‘de Moanne’ in bennefytmiddei organisearren foar slachtoffers fan de begjinnende oarloch yn Oekraïne. Dy middei yn de Basuin kaam in man binnen mei in rolkoffer, strak yn it pak en in bypassend strak kapsel. Ik werkende him fan de foto’s, moast gniffelje om syn outfit. Hy stapte, doe’t de foardrachten ien kear fan start gong wiene, efter de wat rammeljende mikrofoan, die syn foardracht fan syn gedicht Hoopvolle schuilkelder en wie wer ferdwûn. Of hy echt if kafee ferlitten hie, wit ik eins net mear, mar dit is wol it ferhaal sa’t ik it opslein ha yn myn holle.

Ik moat Hindirk noch in pear kear sjoen ha, miskien yn it yllústere kafee Marktzicht yn Drachten by ien fan de dichtersjûnen. Presys wit ik dat net mear, mar dat kin noait oan Hindirk lein ha, earder oan de lekkere bierkes dy’t Ronald dêr ferkeapet.

De wize wêrop hy yn it programmaboekje ston foar in jûn yn 2023 yn dit kafee, is yllustratyf foar syn skriuwen, ik gean der fan út teminsten dat hy dit sels skreaun har, oer himsels.

‘Zijne Merendeels Meesterlijke Majesteit’ Hindirk Hannema Carnivore Caesar (ZMMMHHCC),

ook wel afgekort tot Hindirk, heeft berekend dat je met humor, variabelen en legitieme

redenen de hele wereld en alles niet van deze wereld kunt veroveren. Uit bescheidenheid

zegt Hindirk nooit dat hij een Katholieke patriciër is. Hij is tenslotte geen paus, maar poëet.

Zijn levenswerk is het archetypische gedicht maken over de leeuw. Zijn missie is het geluk

wat hij ervaart met het creëren van poëzie, te delen met het volk. Alles wat Hindirk zegt is

gebaseerd op waargebeurde gedachten. Toepassing van zijn woorden kunnen leiden tot

onbillijkheden van overwegende aard.’

De lêste kear dat ik him seach wie yn oktober 2023 yn Boalsert by de útrikking fan de Gysbert Japixcpriis. Ik tink dat ik him earder amper sprutsen hie, want ik wie ferrast oer it ferskil tusken de poadium-Hindirk en de Hindirk dy’t ik foar myn noas stean hie. Suver in wat ferlegen man. Leaf en sêft. En ambisjeus, Hiel ambisjeus yn it dichtsjen.

De ôfrûne jierren hat hy hurd wurke om syn ambysjes wier te meitsjen. Sa wie hy fêste gast op woansdeitejûn op it poadium fan Dichter bij Leeuwarden en op oare dichterseveneminten. Hindirk wie de bêste slamdichter fan Ljouwert yn 2021 en wie NL Poetry Slamfinalist yn datselde jier. Syn twatalige bondel Mijn moeder is nog maagd. Wereldheerschappij komt eraan! /Myn mem is noch faam. Wrâldhearskippij komt deroan! hat hy útjûn yn eigen behear yn 2021.

Hindirk Hannema wie in bysûnder minske, hy sil mist wurde, as dichter en as mins. Wy winskje allen dy’t him leaf hawwe en misse moatte krêft ta.

Mear oer Hindirk Hannema fierderop ús webside.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels