‘De Molkwei Ekspress’ nije klip Douwe Dijkstra

Publisearre op 4 juni 2024

Douwe Dijkstra X Firma Draaijer&DeVries brengen Friestalige videoclip ‘De Molkwei Ekspress’ uit

Op tongersdei 6 juny wurdt it Frysktalige nûmer ‘De Molkwei Ekspress’ fan muzikant en performer Douwe Dijkstra mei fideoklip útbrocht. It is de soundtrack fan de teäterfoarstelling ‘Afhaalverhalen’ fan teäterselskip Firma Draaijer & DeVries. De foarstelling reizge yn april en maaie lâns fiif plakken yn Fryslân en gie oer de ferskate ytkultueren yn Fryslân. De kulinêre wrâldreis sette alle jûnen útein by it lokale Sineesk-Yndyske restaurant: de earste kennismakking foar in soad minsken mei út iten gean en ôfhelje. Under de foarstelling kaam it publyk yn ‘e kunde mei alle roken, kleuren en smaken fan Fryslân. It liet en de byhearrende fideo wie in wichtich ûnderdiel yn de foarstelling.

Douwe Dijkstra waard troch Firma Draaijer & DeVries benadere foar it meitsjen fan in liet oer de ‘ôfhelkultuer’ mar ek de kennismakking mei oare wrâlden fia it iten. Dêr ûntstie ‘De Molkwei Ekspress’ út. It giet oer in man dy ’t, kapot fan leafdesfertriet, moannenlang allinne mar op ‘e bank leit en syn pine besiket te fersêftsjen mei Sineeske ôfhelmielen, oant op in jûn it bakje babi pangang tsjin him begjint te praten en him meinimt op aventoer. De byhearrende fideoklip waard makke troch Ramon Haanhuis fan fideo & animaasjestudio Meemakers út Frjentsjer.

De klip is fan 6 juny ôf te sjen fia it kanaal fan Firma Draaijer&DeVries.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels