Arjan Hut – Bosk dat dreamt fan folle tûken

Publisearre op 4 juni 2024

It like wol as wist de nacht
myn namme noch
en it bêd werkende myn wurgens.
Sêft sloegen de tekkens om my hinne.
Driuwkeljend oer tsjustere rivieren
sliepte ik djipper as ea tefoaren de
beammen yn. Myn gedachten, stienne 
swannen, liet ik achter. 
Yn dit bosk, iepen as in flinter en feroarlik 
as in gedicht, siedde ien yn plak fan ûnrêst 
kalme fruchten. Tsjok oranje sop 
dat lang op wangen plakt en fan it kin dript. 
Bleate hannen stuts ik yn ’e waarme
ierde en fielde oan de woartels fan in wolk. 
Achter de tûken wachte it sjongen fan fûgels.
De hiele nacht reinde it stjerren en mei 
tûzen fuotten stampte ik 
de lytse fjurren út.

(Bosk dat dreamt fan folle tûken is skreaun op fersyk fan de stifting BiodiverStiens en foardroegen by de iepening fan it Itenshôf oan de Griene Wei by Stiens op 11 maaie.)

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels