Literêre middei mei Jetske Bilker en Vrouwkje Tuinman

Publisearre op 26 september 2024

Yn 2023 krige Jetske Bilker de heechste literêre ûnderskieding fan Fryslân foar har Frysktalige roman Spegel en sonde: de Gysbert Japicxpriis. Op freed 18 oktober fynt de presintaasje plak fan de Nederlânske oersetting. Ek wurdt dy middei it keunstwurk ûntbleate dat neffens tradysje diel útmakket fan it winnen fan de priis. Elkenien is wolkom by dizze feestlike middei, dêr’t Jetske Bilker en fakgenoate Vrouwkje Tuinman op ynterviewd wurde troch sjoernaliste Kirsten van Santen. Yn it wurk fan beide skriuwsters komme tema’s as leafde, âlderdom en demintens foarby.

Yn it koarte en ôfwikseljende programma lêst Jetske Bilker ek foar út har priiswinnende boek en fersoarget Vrouwkje Tuinman in koarte foardracht. Keunstner Mark Bunder ljochtet koart it troch him makke portret ta.

Programma

It (foar it grutste part Nederlânsktalige) programma op freed 18 oktober duorret fan 14.30 oant 15.30 oere. Ynrin fan 14.00 oere ôf en nei ôfrin boekferkeap en sinjearjen, ûnder it genot fan in hapke en in drankje. De tagong is fergees, mar reservearje yn it foar wol efkes in plak. Dat kin fia dizze link.

Lokaasje: Tresoar, Bûterhoeke 1 yn Ljouwert.

Oer de skriuwsters

Jetske Bilker

Jetske Bilker (1960) debutearre yn 1988, skreau ferskate romans en ûnder oare de roman Oar plak oare tiid en de ferhalebondel In nacht fan hûs. Se hat ek in grut tal oersettingen op har namme stean, fan De Kameleon oant Harry Potter en fan Ilja Leonard Pfeijffer ta in wertaling fan wurk fan Trinus Riemersma. Hja wie jierrenlang literêr resinsint en is de lêste jierren ek aktyf as dosint kreatyf skriuwe.

Vrouwkje Tuinman

Vrouwkje Tuinman (1974) publisearre romans, dichtbondels en novelles. De dichtbondel Lijfrente waard bekroand mei de Grote Poeziëprijs 2020. Har wurk waard oerset yn it Dútsk en Ingelsk. Se treedt geregeld op by festivals en literêre jûnen yn binnen- en bûtenlân en is ek aktyf as (muzyk)sjoernalist. Yn 2022 ferskynde Leven als museum, in gearwurking mei (postúm) dichter F. Starik en fotografe Andrea Stultiens. Takom jier ferskynt har nijste roman.

Spegel en sonde

As toskedoktersassistinte Doutsen (echtgenoate, mem en minnares) in nije baas krijt, giet der fan ynienen fan alles mis. Omdat se hieltyd wer wat ferjit, bekenden net mear werkent en geregeld ferdwaalt, rekket se yn panyk. Se driget de kontrôle oer har libben te ferliezen en wol dêrom har eardere berop fan byldzjend keunstner wer op har nimme. As Anniek, de suster dêr’t se al tsientallen jierren gjin kontakt mei hat, har sprekke wol, rekket alles yn in streamfersnelling en komme der saken oan it ljocht dy’t Doutsen leaver ferswije soe.

De Nederlânske oersetting ferskynt by Utjouwerij Noordboek.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels