Gabrielle en Arjan Bedoele it Net Ferkeard: Slakken & Soa’s
Publisearre op 20 juli 2024
Wolkom by ús nije podcastôflevering! Yn dizze ôflevering begjinne wy mei in gedicht fan Sipke de Schiffart en beprate wy syn nijste bondel Oan wjerskanten fan de Styx. Dêrnei freegje wy ús ôf: wat binne eins ús hobbys? Moatte hobbys leuk wêze?
Wy ferkenne ek de wrâld fan Asgaard, Arjan fertelt oer syn bysûndere konneksje mei it bisteryk, fan poëzy meitsje mei in hoanne oant it hawwen fan in bijefolk yn syn tún. Hasto it album Nu/Nooit fan KUÒ & Poelier al heard? Dêrneist binne we op syk nei Wietze Numan. Wa is hy en wêrom wolle wy him fine? Arjan fertelt it yntrigearjende ferhaal oer syn kies.
Wy nimme jimme ek mei nei it SOA Festival en beprate de fassinearjende wrâld fan neakenslakken.
Fierders: Wat is de lêste juice oer de Drachtster dichters? We beprate de film Human Centipede en it bizarre ferhaal oer Dries Roelvink dy’t ûntfierd waard foar syn sperma. We ha de details. Arjan seach ek de film Hors Saison en Gabrielle in âlde klassiker út de jierren 80. Arjan waard herkent op strjitte, in brassery ynroppen. Wa is Abel Oostra en wat moatte we oer him witte?
Betanke foar it harkjen en oant de oare kear!
Kategory
Tags
Arjan Hut, Asgaard, Gabrielle Terpstra, Kuo, Net Ferkeard, Poelier, Rely Jorrismapriis, Rely Jorritsma, Sipke de Schiffart, Wietze Numan
Diel dit artikel!
Relatearre artikels
Kategory: Uncategorized
"Goeie. Wy binne hjoed yn Potsdam." Feddema komt nei sa'n 20 jier wer werom yn Potsdam. Wy sjogge yn twa dielen werom nei de jierren [...]
Kategory: Uncategorized
"Sa foar de fakânsje noch even in simmergefoel kweke ..." It stedsdiel Wannsee is fral bekend fan de wetterrekreaasje. In soarte fan Dútsk Makkum. Anne [...]
Kategory: Uncategorized
Takomme wiken sil de Moanne omtinken jaan oan de Fryske ûndernimmersgeast. In praktysk foarbyld fan dy ûndernimmersgeast binne minsken dy't guod oan hûs ferkeapje. Diskear [...]