400 Frysktaligen socht foar online eksperimint oer ûnderbewuste foaroardielen

Publisearre op 28 juni 2024

Assosjearret it brein positive dingen mei de Fryske taal, of dochs earder mei de Nederlânske taal? En hoe sit dat dan mei negative dingen? Dr. Hielke Vriesendorp fan de Fryske Akademy en de Universiteit Utert freget de help fan 400 Frysktaligen, binnen en bûten de provinsje Fryslân, en fan 400 net-Frysktaligen om dit te ûndersykjen.

Vriesendorp ûntwikkele in online eksperimint, dat de ûnderbewuste hâldingen mjit oangeande it Frysk en it Nederlânsk mei de help fan in sorteartaak. De dielnimmer krijt plaatsjes en wurden te sjen dy’t posityf of negatyf binne, en wurden dy’t Frysk of Nederlânsk binne. De keppeling tusken de plaatsjes en wurden kin sjen litte oft it brein ûnderbewust Frysk of Nederlânsk mear mei positive (of just negative) dingen assosjearret, en lit dêrmei ûnderbewuste foaroardielen sjen.

It eksperimint duorret 10-15 minuten en oan de ein fan it ûndersyk krijt elke dielnimmer de eigen resultaten te sjen. Dêrmei kin in ynskatting makke wurde fan de eigen ûnbewuste foarkar. Vriesendorp hopet op safolle mooglik dielnimmers, om dêrmei in folsleiner ynsjoch te krijen yn de foaroardielen oer it Frysk en it Nederlânsk, sawol by Friezen en Frysktaligen sels as by net-Friezen en net-Frysktaligen.

Oer Hielke Vriesendorp

Dr. Hielke Vriesendorp is ûndersiker by de Fryske Akademy en bestudearret ymplisite hâldingen oangeande it Frysk en Nederlânsk. Op de Universiteit Utert is Vriesendorp wurksum as dosint Ingelske taalkunde en as dosint op it mêd fan ûndersyksmetoaden, statistyk en taalfariaasje.

Over de Fryske Akademy

De Fryske Akademy docht, dielt en fasilitearret al 85 jier it wittenskiplik ûndersyk nei de Fryske kasus yn ynternasjonaal en multydissiplinêr perspektyf. De fokus leit dêrby op taal en meartaligens, skiednis en erfgoed, de minske en syn omjouwing en de ûntwikkeling fan digitale ynfrastruktueren, it leafst yn dwersferbân en yn komparatyf perspektyf.

Meidwaan? Klik dan op ien fan ûndersteande links.

Kategory
Tags

Gjin tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels