Spannende proazasimmer: Piter Banga

Publisearre op 21 juli 2024

Dizze simmer publisearret de Leeuwarder Courant yn gearwurking mei ‘de Moanne’ in searje ferhalen fan sân begjinnende Fryske skriuwers oer it tema ‘spanning’. Talintfolle yllustratoaren meitsje by elts ferhaal in ôfbylding. Skriuwer Piter Banga en yllustrator Gitte Brugman binne de twadde yn dizze rige.

– – – – – – – – – – – –

 

artikel 28 Jo

‘Mensen blij maken is wat mij het meest motiveert.’ (Christiano Ronaldo)

‘Au! It skouder… kutsooi! Wêr bin ik? In plysjesel? Wêr is myn telefoan? What the fuck. Kin ik mei ien prate?… Hee! HEE! IS DÊR IMMEN!’ 

Earder op de dei: datasintrum Google, Eemshaven.

Wauw! Wat in gebou! In swarte doaze mei allegearre rûne blauwe skoarstienen, it algoritme fan God. Google is God. Satan is alive! Wat is dit spannend! I am the king, in ferske fan de nije Britse band Fat Dog siet him al de hiele dei yn ’e kop. Dit wie de timpel, de katedraal fan Google. Nei de Dom fan Brunelleschi yn Florence hie er nea wer soks sjoen. Hy wie der klear foar.

‘Wat dochsto?’

‘Ik film dy mei myn telefoan.’

‘Wêrom?’

‘Omdat it kin en moat.

‘Wat in ûnsin!’ 

‘Ik stean yn myn rjocht! 

‘Asto my dat ferjoust, beledsto my myn frijheid.’

Hâld op! Flauwekul! Meist my wol helpe mei…’

‘Ik fyn it essinsjeel! Ik mei it dwaan, omdat ik neffens de wet de frijheid ha, sûnder dat ik tastimming hoech te freegjen. It is ûnderdiel fan de frijheid fan mieningsutering. Frjemd ek dat jimme my dat noait ferteld hawwe… Ik fyn it it tige wichtich. Ik krij wylst jimme my grutbringe allegearre woke shit foar de kiezzen oer sosjaal wêze foar oaren, mar wêr bin ik sels yn dit ferhaal? Wêr is myn frijheid? Myn rjochten? Altijd earst oaren, mar ik dan? En dat is ek de reden dat ik dy en heit filmje. Ha! Jimme hâlde dingen foar ús efter. As ik jimme filmje, slagget dat net. Byld liicht net.’

‘Ik wol datsto ophâldst, NO! Jûn silst hjir mar mei heit oer prate.’

‘Jûn? Ik kin jûn net. Ik gean nei in yndustryterrein om dêr te filmjen by dat nije grutte kompjûterbedriuw. Hja hâlde ek dingen efter, se lige en ik kin min oer leagens. De wierheid en frijheid binne de wichtichste saken, jimme âlders ha gjin idee… Fan no ôf lis ik saken fêst, foar letter. Op byld. Wurden ha gjin betsjutting. Troch social media wurdt der tefolle praat. It is tsjintwurdich ien grut Babbelonië! Wurden sizze nimmen mear wat.

In den beginne was het woord en het woord was bij God (Johannes 1:1).0 Allinne dat kloppet net! God praat net, mar hij sjocht alles! It moat wêze: In den beginne was het beeld en het beeld was bij God, want God ziet alles. 

‘Do begrypst der neat fan. Frijheid hast net samar, dat moatst…’

‘It spyt my, ik moat echt fuort! Doei!!’

Hidde Hoekstra. 16 jier. Ut de Wâlden, de Westerein. In fûl mantsje. En dy telefoan, in rjocht!. Ophâlde mei seuren oer dat it it net fatsoenlik is. Dat it net heart. In telefoan is in soarte fan defibrillator. It helpt as der wat mis giet. Minsken moatte dêr earlik oer wurde. Alles stiet yn dyn telefoan en it filmet feiten. It is de garânsje foar frijheid. Lit dy net foar de gek hâlde. Minsken wurde bliid fan de telefoan! En hij makket graach minsken bliid. 

Mar no sit er fêst, yn de finzenis.

‘Do falst ûnder artikel 28 cjo.’ Duisenberg wie al hast fjirtich jier plysjeman. Hy hie begrutsjen mei de jonge wiisprater. ‘Guon minsken filmje alles mei harren telefoan, dat mei net. It rjocht dêr’t hja har op beroppe, sette hja yn foar gloarje en eare foar harsels. Egoïsme!, frijheid sûnder ferantwurdlikheid… Gean gewoan yn petear! Op in normale toan. Dat is frijheid ôftwinge mei respekt. Guon sjoche de telefoan as in wapen, fjochtsje net mei bylden, fjochtsje mei wurden en mei respekt! Respekt… de frijheid en it respekt fan hjoed de dei is soksawat as prate sûnder te harkjen.’

Hy kin der neat oan dwaan, want hy is gewoan âld, tinkt Hidde. 

‘Ga terug!’ dat stiet hjir oeral. Mar hij is al te fier. Hij hat it boerd mei de tekst by him, lyaks de tie-rips. Dat komt by de yngong. Lykas Luther dat die yn Wittenberg. Hy rint der rêstich hinne. Syn hertslach is rêstich en leech, mar hij fielt in stevige erreksje opkommen. Google is geil. Hy sjocht noch gjin oare minsken, ek gjin oppassers. Dit wurdt in makje. Fansels giet hy alles filmjen. Foar letter, foar de frijheid, foar de wierheid. Hij fielt minsken yn syn rêch… dat is frjemd. Wêr komme dy wei?

Hy wie leauwich grutbrocht. Mei It wurd. It wurd is alomfiemjend, it byld altyd spesifyk! It wurd… Dat is it net mear. Wurden, gedichten… freeslik. Gedichten, Fryske gedichten… meunsters. Fryske dichters: mislearre rappers. Syn heit spile yn in band en dy rapte ek. Net bêst. It Frysk hat gjin flow. Dus die wurden… nee. Al dy bylûden.

Hoefolle YouTube en TikTok-filmkes hie er wol net sjoen? Syn filmke komt op beide kanalen.. In account is al oanmakke. De grutste liger fan it lân oanpakke en kloklieder wurde is syn hilliche taak. 

No earst dat boerd fêstsette op de poarte. Los! Byld is emoasje. Emoasje is aksje!

‘Wat bent u van plan?’

‘Neat. Ik bin neat fan doel. Ik bin hjir yn de iepenbiere romte. Ik mei hjir gewoan wêze.’

‘U bent hier op privéterrein.’

‘Nee, hear!’

‘Ik verzoek u vriendelijk dit terrein te verlaten.’

Hy pakte syn telefoan en begûn te filmjen. Filmjen falt ûnder: vrijheid van informatiegaring. ‘Ik bin hjir yn de Eemshaven bij it grutste datasintrum fan it noarden, Google, de grutste…’

De telefoan waard him út ’e hannen slein… It gie ynienen mâl. 

‘Myn boerd!’

Hy begûn te razen en besocht fuort te draven, mar dat slagge net. Plysje. Syn ereksje wie noch net fuort. Mar hy wie bliid, want de plysje begreep syn ferhaal fêst wol. Dat it giet om frijheid en dat hy yn syn rjocht stiet! 

Doe krige er in klap op syn skouder. Syn pynlik skouder. Fan ’e spanning kaam er klear… doe foel er flau.

Hy wol nei hûs. Hy hat it gefoel fêst te sitten yn in ferhaal dêr’t er net mear yn sitte wol. It is syn ferhaal net mear. Se ha syn ferhaal stellen! Google hat dat dien! De plysje hat it dien! Hy praat sûnder te lústerjen…

‘Mem!!!’

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels