Meidwaan oan de Masterclasses Literêre Performance?
Publisearre op 17 september 2024
De masterclasses fine plak fan 19:00 oant 22:00 oere by Tryater, Oostersingel 70 yn Ljouwert, op woansdei 13 novimber, tiisdei 19 novimber, tiisdei 26 novimber en tiisdei 3 desimber. Op tiisdei 10 desimber fynt dêr de try-out plak en in dei letter op woansdei 11 desimber spylje jim dêr de foarstelling foar publyk.
Der is plak foar maksimaal seis dielnimmers. Meidwaan is fergees en wurdt oanbean troch Tryater, Explore the North en Ljouwert UNESCO City of Literature. Kinst dy fia dizze link oant en mei moandei 28 oktober 2024 ynskriuwe.
Wy meitsje in seleksje op basis fan de oanmeldingen en litte yn de wike fan 28 oktober witte oftst meidwaan kinst. Ast selektearre binst, ferwachtsje wy datst meidochst oan alle gearkomsten en optredens. We freegje dy ek om foar’t de masterclassse úteinsette in eigen tekst(en) út te sykjen om yn de masterclass mei te wurkjen. Hâld der rekken mei datst dyn tekst út ’e holle leare moatst, sadat der tidens de masterclasses optimaal oan de performance wurke wurde kin.
Wolst earst mear ynformaasje? Nim dan kontakt op mei Sito Wijngaarden, projektmeiwurker by Ljouwert UNESCO City of Literature, sito@leeuwardencityofliterature.nl.
Kategory
Tags
Diel dit artikel!
Relatearre artikels
Kategory: Poëzij
HANS PETER WESTIN - I Zelfportret met kroonpen Hij legt de taal op zijn palet en kneedt met staal de tussentint waarin zijn [...]
Kategory: Literatuer,Resinsje
SJOERD BOTTEMA - Jacob Nauta syn beppe is mâl mei har hinnen. Se praat dermei. ‘Kwòòòk-hoe-wiiie-it-meiiii-jim-kwòòòk-kwòòòk-ha-jim-ekaaaaien-ein-kwòòòk?’ En hoewol’t de hinnen allinne mar ‘kwòòòk?’ weromsizze, [...]
Kategory: Proaza
MINDERT WIJNSTRA - In jonge snoek hie in boatsje fûn oan ’e kant fan ’e mar. In wrak. It lekte oan alle kanten, it roer [...]