Het Bij Kantoor

Publisearre op 17 juni 2024

Dat it Libbensfersekeringskantoar rund wurdt troch bijen is opmerklik. De bij dy ’t it sa dreech hat troch ús tadwaan. Want wat as de bestowers útstjerre? It kantoar kin wol slute. Sûnder bijen is it libben net langer fersekere.

Yn it Libbensfersekeringskantoar út 1904 libje mieren, bijen, pelikanen, flinters en liuwen en de lêste tiid ek miggen yn harmony mei-inoar. Folle mear soarten nimme no tydlik har yntrek. Mei leafde tekene, fernimstich byldhoude en geduldich filme bisten. It Bij Kantoor lit ús sjen hoe fragyl oft wy binne. Hoe kinne wy ús fêste gesichtspunten oerstige en gearhing ûntdekke tusken ússels, de natuer en de kosmos? It libben op dizze planeet hinget oan in siden triedsje. De bisten sels hearst dêr net oer. Yn it Bij Kantoor falt in ûnmaklike stilte.

Tentoanstelling mei wurk fan Lolkje van der Kooi, Machiel Braaksma, Skelte Braaksma, Tjibbe Hooghiemstra en Inge Reisberman

Tweebaksmarkt 48, Ljouwert
Iepen op freed en sneon fan 13 – 17 oere
Yntree € 3,50
Tickets online of oan de doar www.deutrecht.frl
Instagram @deutrechtleeuwarden

By de útstalling is in kahier ferskynd, yn De Utrecht te krijen foar € 7,50

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels