Gabrielle en Arjan Bedoele it Net Ferkeard: Strjitten en Ferhalen

Publisearre op 19 september 2024

 

Nicole van den Berg

Nicole yn har âlde habitat

Yn dizze ôflevering te gast, Nicole van der Berg, dy’t foarlêst út har legindaryske boek Het Losloopveld. Dêrneist beprate Gabrielle en Arjan Gabrielle’s eigen nije bondel Tsjintwurdich is alles better, dy’t op 6 septimber presintearre waard. Wy fertelle oer de jûn en Gabrielle draacht foar. We freegje ús ek ôf: komt der in citytour fan plakken dy’t yn Gabrielle’s bondel foarkomme?

Nicole fertelt oer de Schrijfclub en har ûnderfiningen mei Explore The North, wat sil sy dêr dwaan aanst? Krekt as Gabrielle skriuwt sy oer wat se meimakket, op strjitte, mei de hûn

It projekt Sprekende Stenen, dat iensumens ûnder de oandacht bringt, komt noch efkes foarby, lykas Arjan’s terroragenda. Nicole krijt hast in panykoanfal as Arjan syn oerfolle skema dielt, mar Tialda Hoogeveen skynt noch in ekstremere aginda te hawwen – gelokkich docht sy oan bootcamp! Docht Nicole eins oan sport? Gabrielle fertelt oer har ûnderfining mei moderne dûns en Arjan dielt hoe’t syn Tai Chi aventoer hielendal de mist yn gie.

Fierder prate we oer de Fryske Akademy, diele we goede oantinkens oan de Slach om Warns, en beprate we it wurk fan Sido Martens. Ek de wrâld fan films en it oankommende Keihurd Festival yn it Bolwurk komt oan bod.

Siik folle minsken kamen nei Gabrielle har presintaasje. (Foto: Joyce Schotsberg).

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels