Frysk is de kearn, meartalich is de takomst!

Publisearre op 19 september 2024

HENK TE BIESEBEEk – 

As oft in bom midden yn de seal ûntploft wie. Sa fol ôfgriis reagearre it talrike publyk op de sintrale fraach fan de jublieumgearkomste fan Tryater: moat it iennichste profesjonele toanielselskip fan Fryslân krekt twatalich wurde?

Tryater bestie yn 1990 nammmentlik 35 jier en it hie artistyk lieder Peter te Nuyl aardich like om ris wat oalje op it fjoer te smiten. My waard frege om as kultuerredakteur fan Omrop Fryslân dêrfoar in aardich ûnderwerp oan te snijen. Graach: soe it faaks wat wêze as Tryater yn dizze twatalige provinsje him tenei ek rjochtsje soe op twatalige toanielproduksjes. Te Nuyl seach ek reële kânsen: ynwenners fan Fryslân dy’t de taal net machtich binne, soene no makliker nei de foarstellingen fan Tryater komme, mar it soe boppedat it selskip sels gelegenheid jaan om de wjukken oer hiel ús lân út te slaan. Nei in lange pynlike stilte kaam dan dochs de rebûlje. Allinnich dizze fraach stelle wie al skande. Tryater twatalich? Yn noch gjin hûndert jier…

En sjoch no ris. Sûnder mis bliuwt it Frysk noch hieltyd de earste taal fan it selskip, mar dêrnjonken bringt Tryater al in moai skoft twa-, nee sels meartalige teäterproduksjes en skoalfoarstellingen. Mei sukses!

Safier is it amateurtoaniel yn Fryslân noch lang net. En dat soe eins wol moatte, fynt Frank de Wilt fan de feriening Iepen DoEk, it nije gearwurkingsferbân fan it amateurtoaniel yn Fryslân. Oars soe de takomst wolris hiel ûnwis wurde kinne.

Krampeftich

De oplossing leit neffens him foar de hân. Yn it deistich libben wurdt yn de Fryske doarpen ommers ek in grut ferskaat oan talen sprutsen. ‘De ien praat Frysk, in oar praat Hollânsk werom’, sa seit De Wilt. ‘En dan ha we it noch net iens oer de streektalen dy’t Fryslân ryk is. Boppedat hearre we ek hieltyd mear Ingelsk op strjitte. Ik sjoch de wjerspegeling fan dy maatskippij noch te min werom op de poadia fan it amateurtoaniel. Wêr’t ik my suver oan steur, is dat inkelde iepenloftspullen krampeftich oan de Fryske taal fêsthâlde. Lit spilers dy’t dúdlik it Frysk net as memmetaal ha, dan dochs gewoan Hollânsk prate. Tink ik dan. Jou se har eigen karakter. Dêr leit de magy fan goed teäter.’

It is De Wilt wol dúdlik. Neffens him sille minsken dy’t graach toanielspylje har dan gauwer oanmelde by de lokale ferieningen. Oan de oare kant set meartalich toaniel ek de doarren iepen foar in breder publyk en dus mear taskôgers. Meartalichheid liket needsaaklik foar in sûne takomst fan it amateurtoaniel yn Fryslân en wurdt dêrom ien fan de spearpunten fan it nije belied fan Iepen DoEk.

Mar dat net allinnich. O nee, it is drommels tiid foar reuring. Want benammen de jongerein lit it ôfwitte. Sawol yn de seal as op it poadium. Hoe krije je de oansluting mei dy wichtige groep wer werom? Oan Iepen DoEk sil it net lizze. De Wilt sjocht noch genôch entûsjasme by jongeren foar it amateurtoaniel. ‘Nim bygelyks it sukses fan jongereintoaniel Masquerade, de musicaloplieding MUZT yn Snits, teäterskoalle Meeuw yn Ljouwert en it nije selskip Wolf fan Job de Roo. It entûsjasme spat derôf’, seit De Wilt.

Krúsbestowing

Wol fynt De Wilt it spitich dat it dêrby benammen giet om projekten fan koarte termyn en der gjin sprake is fan krúsbestowing nei de regio. ‘Ek wol begryplik fansels’, is De Wilt fan betinken. ‘Dat is foar elkenien te oersjen: in healjier repetearje en dêrnei in pear kear spylje. Djoerdere produksjes mei in soad útstrieling yn de media en fersekere fan in soad publyk. Dêrnei is it wer foarby. Mar wat soe it moai wêze as dy spilers ek it paad nei it doarpstoaniel witte te finen. Om mei in hechte spilersgroep meimekoar in moaie foarstelling opbouwe te kinnen.’

Safier is it lykwols noch net. De mouwen moatte dus opstrûpt. En sa lang is Iepen DoEk noch net dwaande. It stokje waard sawat nei 25 jier oernommen fan de stichting amateurtoaniel Fryslân STAF. De wichtichste feroaring? ‘Dat wie in stichting, wêrby’t in bestjoer de saken fan boppen ôf oplei’, ferklearret De Wilt. ‘Wy binne in feriening. By ús wurde de leden om in miening frege en wurdt der nei harren heard!’

Dat is demokratysk moai fansels. Mar wat is de mearwearde? ‘Wy hawwe jild’, Frank seit it resolút. Nim my net kwea ôf? ‘Jawis, alles bymekoar ha we op dit stuit sa’n 100.000 euro yn de ponge. En dus kin der ynvestearre wurde.’

De Wilt tinkt bygelyks dat in oar oanbod fan toanielstikken dêrby helpe kin. Want hoewol’t der op dat mêd al in soad goeie dingen barre, mankearret oan de ynhâld yn trochsneed tefolle. Sa is de tematyk gauris de âldfrinzige kant neist en sit yn de bernerollen mar in bytsje ûntwikkeling. Dat jildt oars ek foar froulju op it poadium. ‘Je sjogge bygelyks dat in frou tefolle de rol fan de mem of in skoanmem taskikt krijt. Dat is dochs net mear fan dizze tiid en moat dus oars’, mient De Wilt.

Heger nivo

Linus Harms, De Wit

Linus Harms, De Wit

En dus frege Iepen DoEk oan fiif jonge Fryske skriuwtalinten om in hjoeddeisk toanielstik te skriuwen. De kar foel op Tet Rozendal, Anja Steegstra, Tsjerk Bottema, Peter Sijbenga en Karin Idzenga. Under coaching fan toanielskriuwer Bouke Oldenhof giene se de útdaging oan. ‘We ha der bewust gjin priisfraach fan meitsje wollen. Mar gewoan in opdracht dêr’t foar betelle wurdt. En it resultaat kin lokkich besjen lije. De ûntfangst by de presintaasje hat ús goeddien.’

Yn alle gefallen in stap yn de goeie rjochting. De Wilt is der wis fan dat de nije toanielstikken de jongerein as doelgroep oansprekke sille. Hjoeddeiske tema’s slaan ommers foar master op. ‘It moaie is dat alles wat om ús hinne bart sa natuerlik op it toaniel delset wurdt. Yn it stik fan Tet Rozendal bygelyks krijt de relaasje tusken heit en soan in oare djipgong as dy lêste him uteret as dragqueen. It moaie is dat op dy persoan dan gjin ekstra fokus lein wurdt. Net útfergrutte, sa as eartiids mei datsoarte rollen barde. Dizze minske is der gewoan, as ûnderdiel fan ús maatskippij.’

Mar Iepen DoEk hat mear izers yn it fjoer. Jonge spilers dy’t gjin aktearûnderfining opdogge by de earder neamde inisjativen lykas Meeuw, sille ek mooglikheden krije om har teatraal te ûntwikkeljen. Yn gearwurking mei Keunstwurk en Tryater sil dêrom ynvestearre wurde yn opliedingen en masterclasses. Foar nocht en wille fan de spilers sels. Mar ek om de kwaliteit fan it amateurtoaniel yn Fryslân op in heger nivo te bringen. Ferrassende foarstellingen dy’t it publyk fermeitsje, mar ek prikkelje kinne. De magy fan goed teäter. De Wilt is fol betrouwen.

Henk te Biesebeek is âld-sjoernalist fan Omrop Fryslân en wurket no as freelancer

 – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – 

Meeuw

Artistyk lieder Hilde Mulder: ‘Als adviseur van het amateurtoneel in Friesland had ik geconstateerd dat er weinig mogelijkheden voor de jongeren op het traditionele podium waren. Maar toen ik die focus wilde verleggen en jongeren een kans wilde geven met meer eigentijds toneel, gaven de gevestigde toneelverenigingen eigenlijk niet thuis. Geen tijd of geen geld of beide niet. Ik weet het niet meer precies, maar er gebeurde gewoon niets. Toen ben ik maar voor mezelf begonnen.’ Fansels hopet Mulder dat it Iepen DoEk wol slagget. Benaud foar konkurrinsje is se net. ‘Welnee, we kunnen prima naast elkaar bestaan. Het is juist interessant als zich in de buitendorpen zo een eigen stroming jongerentoneel kan ontwikkelen. Daar kunnen we beiden profijt van hebben. Maar toch ben ik bang dat het een herhalende cyclus wordt. Dus helaas niet met het gewenste resultaat.’ Mulder ûntkent dat op dit stuit fan krúsbestowing sa as Frank de Wilt dy graach sjocht, gjin sprake wêze soe. Neffens har dogge guon fan har spilers gauris mei oan in Iepenloftspul. Mar it probleem is dat fan de sechtich jeugdspilers de measten de Fryske taal net machtich binne. Boppedat erkent Mulder dat de measte learlingen fan har oplieding dreame fan in profesjonele karriêre. ‘En voor hen is een voorstelling in een dorpshuis dan minder interessant.’ Ta einbeslút hat se noch wol in advys. Om it doarpstoaniel foar jonge spilers ynteressant te meitsjen moat der mear ynvestearre wurde yn de foarstellingen. ‘Met een projectmatige aanpak krijg je jongeren sneller geïnteresseerd om mee te doen. Om dat te realiseren zouden toneelverenigingen meer gecentreerd moeten worden. Dorpen zouden meer moeten samenwerken in gemeenschapsproducties.’

 – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – – 

Jonge aktrise

Mayte Veenstra is in jonge aktrise dy’t sûnder offisjele oplieding dochs har plak op de Fryske poadia wit te feroverjen. Noch mar 18 jier âld hat se al hiel wat teäterûnderfining opbouwe kind en moaie kritiken fertsjinne mei rollen yn it iepenloftspul fan Jorwert en it Winsumer Mearke. Har dream is ea in profesjonele karriêre op it poadium. Se hat it eefkes by reguliere jeugdteäteropliedingen yn Fryslân besocht, mar miste dêrby dochs tefolle de muzyk. Want ek dy hat har ynteresse. Wol lústert se graach nei de advizen fan âldere kollega’s út it fak, lykas Tamara Schoppert. Fan Iepen DoEk hie se noch nea heard. Mar yndied, de gemiddelde leeftiid op it poadium is wol hiel heech. Dat kin bêst oars. Dus graach wat mear toanielstikken dy’t ek de jongerein yn ’e besnijing krije. Dan melde har grif mear jonge spilers dy’t it amateurtoaniel wer yn beweging krije. Mar sa min fynt Mayte it nivo fan dat Fryske toaniel oars net. Se tinkt sels dat it hieltyd better, profesjoneler wurdt. Miskien wol troch teäterproduksjes sa as dy fan Meeuw, MUZT en it nije selskip Wolf. Dêryn krije jongeren troch goede coaching in moai stikje ûntwikkeling en kinne se sjen litte wat se kinne. En flak wat dat oanbelanget Tryater ek net út. Eins sjocht Mayte de takomst fan it toaniel yn Fryslân hiel posityf temjitte. Dus prachtich as ek Iepen DoEk ynvestearje wol yn hjoeddeistich toaniel en mear mooglikheden foar jongeren. Mar wat neffens har folle wichtiger wêze soe? ‘De measte minsken fan myn generaasje witte amper fan it bestean fan it amateurtoaniel yn de doarpen ôf. Hokker toaniel dêr spile wurdt. Iepen DoEk moat dus benammen ynvestearje yn sosjale media as se de jongerein yn beweging krije wolle, sadat it nimmen mear ûntgean kin dat Frysk toaniel bestiet en derta docht. Foar jongeren, mei jongeren.’

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels