Diet Huber – te mâl foar ien wrâld

Publisearre op 5 juli 2024

SIGRID KINGMA – 

Diet Huber wie yn wêzen har eigen biograaf en argivaris. Net allinnich bewarre se alles dêr’t har namme op stie, mar se soarge aktyf foar in neilittenskip troch oeral har ferhaal te fertellen. By har libben hat se ferskate tentoanstellingen mei ynrjochte, organisearre en bywenne om har libbensferhaal oan it publyk sjen te litten. Prachtich materiaal mei alle puzelstikjes kompleet, dat my as ‘gearstaller’ fan har biografy op in presintearbledsje oanbean wurdt.

Opmerklik, want it foarwurk foar in biografy is min ofte mear al foar my dien. Se ferwachte dat immen it oppakke soe en hat dêr sels alfêst in ynfolling oan jûn. It is fermaaklik en ferrifeljend tagelyk. De alve fraachpetearen dy’t se troch de jierren hinne mei de Fryske media holden hat, jouwe fassinearjende persoanssketsen dy’t ynsjoch jouwe yn hoe’t de skriuwster har beweegde yn it literêre fjild.

Heleen Haijtema, sirkel

Heleen Haijtema, sirkel

It earste fraachpetear mei de krante is fan novimber 1959, pas fjouwer jier nei har debútbondel Tutte mei de linten. Tutte is yntiid al geweldich populêr. De uil met zeven zuurtjes is útkommen en Diet Huber is krekt mem wurden. It is in paginagrut artikel, dêr’t se drok yn fertelt oer har fantasywrâld. Se dreunt ferskes op, lit sketsen sjen, wiist oeral yn de keamer wêzens oan dy’t sy liket te sjen. Se kin de ynterviewer, dy’t by har thús yn Amsterdam kaam, meinimme yn har fantasy, sadat dy úteinlik ek de keamer ta libben kommen sjocht. Hoe gekker, hoe better, is har motto, ynspirearre troch Edward Lear. Tagelyk fertelt se oer har kreative proses en dat se hiel kritysk is op har eigen wurk.

‘Het is me ernst, verschrikkelijke ernst met m’n werk. Als de mensen zeggen: het is charmant, dan zeg ik: bah, dat is ’t niet. Ik wil op een heel speciale manier schrijven; ik zou een boek het liefst zelf willen drukken en binden en het papier ervoor willen uitzoeken. Ik wil helemaal doen wat ik zelf wil.’

Diet Huber komt oer as in bernlik entûsjaste frou dy’t in soad wille belibbet oan taalboarterij. Jierren letter is se sa’t it liket amper feroare yn har dwaan en litten. Se werhellet in soad útspraken út har earste fraachpetear. Oan de artikels kinst fernimme dat it noflike, spontane petearen binne, en ik wol leauwe dat Diet Huber har net oars foardocht. Amarins de Jong, de doetiidske ynterviewer fan Frysk & Frij, merkt op dat foarbygongers opfleurje as se wat fan harren petear opfange. It boartlike, hast bernige dat se oer har hat, is tagelyk ek in bewuste hâlding, hast in libbensoertsjûging. Se wol graach as bernlik te boek stean, sa ‘gek’ wêze as har fersen. Dat yllustrearret in fragmint út in petear foar de radio op 25 juny 1973.

Heleen Haijtema, stapeling

Heleen Haijtema, stapeling

‘Nou, ik geloof dat ik ergens een infantiel trekje heb hoor. Mijn man speelt ook erg graag en mijn dochtertje zegt dan wel eens: “Ik geloof dat jullie zo goed met elkaar kunnen opschieten omdat jullie allebei een beetje gek zijn, jullie doen zo kinderachtig.” Ik zou het niet “kinderlijk” willen noemen, maar ik vind het vreselijk als mensen niet meer als kind durven reageren. Grote mensen zouden veel meer moeten spelen, dat heb je in je, bijna iedereen heeft dat toch in zich.’

It feit dat Diet Huber by har libben altyd dwaande west hat mei har neilittenskip, toant dat sy har hiel bewust wie fan har betsjutting foar de Fryske berneliteratuer. Se woe har ferhaal fertelle, alle stadia fan har libben diele mei it publyk, om’t de ûnderfiningen en lessen dy’t sy geandewei opdien hat, ferbûn binne mei har skriuwwurk. Sa seit se yn in ynterview út 1981 yn Foar de frou:

‘Jins taal wurdt bepaald troch jins eftergrûn: de hâlding fan ’e âlden, benammen fan ’e mem. As de mem widzesankjes sjongt, foarlêst, ferhaaltsjes fertelt of praat mei it lytse bern, dan wurdt dat fertroud mei de lûden en sfear fan ’e taal. Taal hat my altyd dwaande hâlden, fan jongs ôf oan wie ik der mei oan ’e gong. As ús mem nea tsjin my sein hie: “Toe ju, tutte..”, wa wit oft ik dan wol “Tutte mei de linten” skreaun hie. Taal is middel ta bewustwurden, tinken en groei; taal is ek materiaal om artistyk mei te skeppen.’

Hjir sjogge we in konstrukt fan har libbensferhaal. Hoe’t de skriuwster har profilearret, is ûnderdiel fan har marketing. Diet Huber hat har ynbring ôfstimd op it froulike lêzerspublyk fan dat medium, en se giet dêrom spesifyk yn op de rol fan de mem. Foar in diel werhellet se in al earder ferteld ferhaal oer har Fryske mem dy’t widzesankjes foar har song, wylst se fierder Nederlânsktalich grutbrocht waard. Se brûkt it fraachpetear hiel fernimstich as promoasjemomint, troch te ferwizen nei har eigen wurk wylst se yllustrearret wat taal foar har betsjut. Itselde docht se yn in oankundiging fan de tentoanstelling fan it FLMD oer har libbensferhaal, dêr’t har poppeteäter ek útstald is.

‘Sjoch, dit binne mefrou Jirippel, mefrou Roazeblêd en dat is it Blommespookje, mar dêr meist net mear oer fertelle hear, want dit binne myn spylpoppen foar de iepening fan de tentoanstelling en wat ik dan doch moat in ferrassing bliuwe.’

Heleen Haijtema, himelbêd

Heleen Haijtema, himelbêd

It poppeteäter, dat se yn Sweden betocht hie, bringt se yn ferskate artikels op it aljemint, sûnder dat dêrnei frege wurdt. Faaks hie se wold dat har poppespul en har fersen byinoar komme koenen. Se hat fan it begjin ôf oanjûn yn meardere wrâlden te libjen. Yn 1959 neamt se noch de fantasy as har twadde wrâld, letter giet it oer har twatalige wurk en har emigraasje nei Sweden yn kontrast mei Nederlân. Har wrâlden komme net altyd byinoar, bytiden ta argewaasje fan de skriuwster. Dat omskriuwt se treflik yn it fraachpetear mei Pieter de Groot op 10 oktober 1986 yn de Ljouwerter Krante.

‘It ferfelende is, dat minsken dy’t myn Fryske boeken kenne, net op ’e hichte binne mei myn Hollânsk wurk en oarsom jildt itselde. Op “Vers voor de Pers” okkerwyks yn ’e RAI, kaam in Hollânske kollega op my ôf: “Jij hebt ook weer een boek geschreven hè? Dat is lang geleden.” Ik sei: “Weet je wel dat mijn vorige in 1982 is uitgekomen?” “Ja, maar dat is in het Fries,” sei se. Mei oare wurden: dat telt net. Ik fiel my dan echt in “gespleten persoonlijkheid”, dy’t fan it iene gebiet nei it oare oerwipt.’

Har libben wie perfoarst net trochsneed en yn har tiidrek barde der in soad: it ynterbellum, de Twadde Wrâldkriich, Kneppelfreed, emigraasje. De driuw om har ferhaal te dielen en te bewarjen foar in nije generaasje is gjin klearebare idelheid, al wie se dat nei eigen sizzen wol. It is ek ûndernimmerskip. Se wist har titels te keppeljen oan maatskiplike tema’s en ta gruttere projekten út te bouwen. Yn in artikel oer it boek Rinske en de stoomtram yn de Ljouwerter Krante fan oktober 1986 neamt se tusken noas en lippen troch de Stichting Schrijvers School Samenleving, dêr’t se boekt wurde kin foar workshops. Se hat it ek oer de autobiografyske aspekten fan it wurk. Har dochter Yelka neamt se as motivator. Yelka is in konstante faktor yn har fraachpetearen.

‘Dan wie it wer: vertel nog eens van de juffrouw, die je met een stokje sloeg. Of van het ongeluk met de stoomtram. En van hoe je arm werd en van die rare schoenen droeg. Dy ferhalen oan Yelka hawwe it begjin west. Letter makkest notysjes en in opset foar in boek. Wylst begûn ik dokumintaasje oer dy tiid te sammeljen en waard ik nijsgjirrich nei wat der sosjaal en histoarysk barde.’

Yn dat spesifike fraachpetear is ek wat argewaasje te fernimmen oer de stannemaatskippij dy’t yn de jierren tritich noch hiel sterk yn de kultuer siet. Sels hearde se nei eigen sizzen ta de ‘lytse boargerij’. Har heit en mem komme út ferskillende miljeus. De famylje Huber hie wol oansjen, en Diet Huber wie har bewust fan har befoardielde posysje, mar like har mear te ynteressearjen foar de earmere húshâldingen. Oer har foarnommen skoalbesites seit se dan ek: ‘Ik soe hiel graach ek mei bern fan wurkleazen prate wolle. Hoe oars binne har ûnderfiningen as dy fan de freontsjes en freondintsjes fan Rinske?’ Yn Sweden makket se ek in rangskikking mei, dy’t sels sichtber is yn de opbou fan it doarp. Yn de Ljouwerter Krante fan 1992 beskriuwt se it strjitplan yn Boliden.

‘De direkteur fan de maetskippij dêr’t Bert foar wurke, wenne as in lyts godtsje boppe op de heuvel, dêromhinne wennen yn in rountsje de haedingenieurs, dan de geologen en oare ingenieurs en ûnderoan de technici, mynwurkers, kantoarminsken en de oarspronklike bifolking, winkeliers en boeren.’

Heleen Haijtema, portret

Heleen Haijtema, portret

Diet Huber paste nei eigen sizzen net yn dy rûnten fan froulju dy’t pronken mei it súkses fan har manlju. Doe’t se yn har ‘lúkseflat’ yn Amsterdam ynterviewd waard, hat se ek har ôfkear dêrfan útsprutsen. Dat hie neat te krijen mei lúkse, neffens har. Fierste steatlik, string en keunstmjittich. Se hold fan it natuerlike wylde fan Sweden en miste dat bot doe’t se werom kaam yn Amsterdam. Oan de oare kant miste se de drokte en gesellichheid fan Nederlân as se yn Sweden wie. Wer twa wrâlden dy’t net byinoar komme. Dy tsjinstellingen yn har libben foarmje in reade tried yn har fraachpetearen. It binne boeiende, mar ferrifeljende boarnen.

Sigrid Kingma is dichter en dwaande mei de biografy oer Diet Huber

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Poëzij

    HANS PETER WESTIN -    I Zelfportret met kroonpen   Hij legt de taal op zijn palet en kneedt met staal de tussentint waarin zijn [...]

  • Kategory: Literatuer,Resinsje

    SJOERD BOTTEMA -   Jacob Nauta syn beppe is mâl mei har hinnen. Se praat dermei. ‘Kwòòòk-hoe-wiiie-it-meiiii-jim-kwòòòk-kwòòòk-ha-jim-ekaaaaien-ein-kwòòòk?’ En hoewol’t de hinnen allinne mar ‘kwòòòk?’ weromsizze, [...]

  • Kategory: Proaza

    MINDERT WIJNSTRA -  In jonge snoek hie in boatsje fûn oan ’e kant fan ’e mar. In wrak. It lekte oan alle kanten, it roer [...]