De Elemintêre Deelen yn It Tripgemaal

Publisearre op 20 september 2024

Nocht oan in noflike middei?

Op de sneintemiddeis 13 en 20 oktober organisearret it Frysk dichterskollektyf RIXT yn gearwurking mei Stifting It Tripgemaal twa poëtyske middeis yn Gersleat.

Wurd, byld en klank op de unike lokaasje fan It Tripgemaal makket de middeis foar publyk ta in unike ûnderfining. It tema “De Elemintêre Deelen” slút hjir hielendal by oan.

Tolve RIXT-dichters presintearje eigen wurk. Dêrneist sil op de earste sneintemiddei de Ierske dichter John Brown út Belfast optrede.

Tuskentroch is der muzyk. Sa spilet 13 oktober it pop-folkduo Biologisch Afbreekbaar. De dichters binne dy middei: Syds Wiersma, Lara Kool, Christa Niklewicz, Anne Heegstra, Job Degenaar en Tanja van Abbema.

Op 20 oktober spilet Anna Machteld (solo) en binne de dichters: Edwin de Groot, Dien L. de Boer, Carla van der Zwaag, Ypie Bakker, Janna van der Meer en Bauke Terpstra.

Der binne bondels te keap fan ferskate dichters en ek fan de jubileumbondel fan RIXT (2023) binne noch eksimplaren te krijen.

Data: 13 en 20 oktober fan 14.00 – 16.00 oere, ynrin fan 13.30 oere ôf.

Tagong fergees – in frijwillige donaasje wurdt tige op priis steld.

Plak: It Tripgemaal, Heafeartswei 14 yn Gersleat

Mear ynformaasje:

www.rixt.frl

www.hettripgemaal.nl/agenda/frysk-dichterskollektyf-rixt-met-de-elemintere-deelen

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels