Alles is hjir op trochreis, dichtbondel Abel Oostra

Publisearre op 24 juni 2024

Op sneontemiddei 22 juny is it dichtwurk fan Abel Oostra (Weidum, 1941 – Wytmarsum, 2022) presintearre mei de bondel Alles is hjir op trochreis.

Abel Oostra skreau syn libben lang gedichten yn it Frysk, mar publisearre eins nea. Doe’t Godelieve Kok in pear jier lyn oan dichter Syds Wiersma frege oft er de manuskripten fan har ferstoarne man ris besjen woe, kaam de dichter Abel Oostra foar it
ljocht. No leit der in prachtige bondel útjûn troch Utjouwerij Louise, mei in seleksje út syn poëzij en út de oersettings dy’t er fan in oantal Spaanske en Sjineeske dichters makke hat.

TROCHREIS

op de Ulesprong

de simmer wie goed

sweltsjes fuort de guozzen ûnderweis

buorman Roel hat boelguod hjoed

alles is hjir op trochreis

Abel Oostra wie net in folslein ûnbekende yn it Frysk literêre fermidden. Yn 1982 wûn er de Rely Jorritsmapriis mei it gedicht Yn it Ingelske Wurk en yn 2013 waard him de Sulveren Twicht útrikt, de priis foar it bêste twittergedicht. Mar útsein dy beide gedichten hat Oostra noait poëzij publisearre. Yn de jierren ’60 wie er wol efkes aktyf foar it Fryske literêre tydskrift Asyl en fersoarge er foar de Delftse Fryske studinteferiening Aldgilles de jubileumbondel Op fjouwer winen. Mar dêr bleau it by.

YN ’T INGELSKE WURK

It Wurk leit yn ’e rêst,

ljochtmoannesulver.

Geryd sa let ferstjert

om fiere kusten.

Allinne gealen noch

har lieten klinke.

In iepenfierde doar

geroft fan drinkers.

Oostra syn poëtyske neilittenskip is lyts, mar nijsgjirrich. De oersettings dy’t er makke fan ferneamde Spaansktalige dichters lykas Lorca, Neruda en Borges binne tige fertsjinstlik. Syds Wiersma benadere Eddy van der Noord fan Utjouwerij Louise en dy wie nei it lêzen fan it wurk fan Oostra ree om it postúm út te jaan. Godelieve Kok is tige bliid mei it ferskinen fan it wurk fan har man: ‘Voor mij, de kinderen en de verdere familie is deze zo mooi uitgegeven bundel een warm en bijzonder aandenken aan
Abel. De bundel is ook een ode aan zijn vele talenten, die nooit eerder in de openbaarheid zijn gekomen.’

By de presintaasje op 22 juny hawwe Godelieve en Syds gedichten en oersettings út de bondel foardrûgen op muzyk dy’t komponiste Sjoukje Visser spesjaal foar dizze gelegenheid skreau.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels