Spannende proazasimmer: Gabrielle Terpstra

Publisearre op 3 augustus 2024

Dizze simmer publisearret de Leeuwarder Courant yn gearwurking mei ‘de Moanne’ in searje ferhalen fan sân begjinnende Fryske skriuwers oer it tema ‘spanning’. Talintfolle yllustratoaren meitsje by elts ferhaal in ôfbylding. Skriuwer Gabrielle Terpstra  en yllustrator Berend Moed binne de fierde yn dizze rige.

– – – – – – – –  

In moeting om net te ferjitten

 

Hy kaam net op sokken myn libben binnen en súntsjes fuortgean die er alhielendal net. Ik seach him sitten yn De Os, de kofjeshop yn de Kuormakkersstrjitte, om ’e hoeke by de Foarstreek.

Ik kom net graach yn De Os, want der wurdt my te bot en te semy-yntellektueel praat. En ik praat hoe dan ek leaver net wannear’t ik stoned bin. Ik blow net safolle, mar as ik it wol doch dan dochs mar yn De Os, op de earste ferdjipping oan in tafeltsje by it rút. Diskear hie ik in skoft nedich by/ûnder myn skripsje-ûndersyk.
Hy siet oan de stamtafel. Drok maneuveljend, rûch yn ‘t burd, it lange ljochte hier wyld om e holle. Ik hie gjin idee wêr’t er it oer hie. Ik besleat ek mar ris oan de stamtafel sitten te gean; om ‘kwasy’ de krante te lêzen. De fentilator blaasde lûd, it wie de langste en ek de hjitste dei fan it jier.
Ik sette my del foar de Ljouwerter Krante oer en stuts de yn ‘t foar draaide joint oan – sels koe ik dy dingen net draaie. Efkes krústen ús eagen; ik krige in lytse elektryske skok. Syn eagen wiene hiel skerp en ljochtblau, it gesicht skier en de wangen justjes ynfallen. Hy hie wat fampiereftichs oer him, sa mei dy ljochte hûd en de donkere kringen ûnder de eagen. Tige hot!

‘Hoi, ik bin André.’

‘Eke’, sei ik.

Ik naam noch in hys fan myn joint en bea er him oan.

‘Nee, ik hoech gjin yn ‘t foar draaide, nim mar in hyske fan mines.’

Hy hold my in bryk, frommelich jointsje foar, makke fan donkerbrune blow-floei. By it oankrijen rekke myn hân krekt sines, ik stuts al myn fingers út en streake syn hiele hân.

‘Ho’, sei ik. As er soks net noflik fynt, tocht ik, dan kin ik altyd noch dwaan as gong it by fersin.

Mar hy lake nei my. Ik seach twa rigen moaie wite tosken en fjouwer skerpe hoektosken.

Jawis, hot!

Ik naam in hys fan syn joint en ynhalearre djip. De reek prikele myn longen, ik hold in pear tellen myn siken yn om dêrnei wer út te blazen. Ik lake werom.

‘Hast nocht om aanst mei my yn Mukkes wat te drinken?’, frege ik. Der sieten ek oare minsken oan de stamtafel en de petearen gongen hieltyd mear oer nihilisme en sokke saken, dat stie my net oan. Mukkes is dan in coole en alternative tinte foar minsken lykas ik.

Wy rûnen tegearre oer de Kelders nei de Grutte Heechstrjitte ta. It wie my licht yn e holle en de sinne skynde waarm op myn fel, dat it waard my noch lichter yn e holle. Der wiene in soad minsken op ‘en paad. Se seagen my oan as wisten se dat ik stoned wie. Guon seagen my sels oan mei in lichte walge. Mar it meast seagen se nei André.

Gewoane minsken wiene mar nuver, tocht ik en ik krige André syn hân beet.

Yn Mukkes klonk Last Resort fan Papa Roach lûd oer de boksen. Mei twa kola ferdwûnen wy yn it smokershok. André draaide in nije joint. Wy praten in pypfol. Hy kaam fan De Harkema en wie no efkes sûnder wenplak en hûs, ik fûn dat hiel stoer. Hy spile graach World of Warcraft, hie in grutte Warhammer-samling en gong nei metalfestivals as Wacken Open Air.

Ik wenne no sels krekt fjouwer wiken op mysels yn de Borniastrjitte en woe dat wolris fiere mei in fersetsje. Ik frege him mei nei hûs ta, hân yn hân rûnen wy oer de Skrâns hinne. It measte sinneljocht wie ûnderwilens ferdwûn, mar de waarmte hong noch yn de loft. Doet wy der hast wiene, frege er: ‘Wêrom rinne we net efkes troch nei it Huzumer begraafplak ta? In healwize dream fan my is om it ris op in begraafplak te dwaan. It leafst op in grêf, klokslach tolve oere.’

Ik hie hielendal gjin nocht om yn in goedkeape horrorfilm telâne te kommen en boppedat wiene der fiersten tefolle miggen foar in bûtendoar-aventoer.

‘Spitich’, sei er. ‘It liket my datsto wol ien bist foar soks spannends.’

Ik negearre wat hy sei. Doe’t wy oer de drompel stapten, hearde ik myn ûnnoazele húsgenoaten GTA spyljen. Se diene amper wat oars as gamen. Ik sei tsjin André dat er net op de rommel op de trep lette moast, dy lei fol mei steapels rotsoai. Yn myn keamer treau ik The Downward Spiral fan Nine Inch Nails yn de cd-spiler. It slagge my noch krekt om op play te drukken.

Ik fielde my wer licht yn e holle wurden. Alles like stadich te gean, yn slow-motion. Ik fielde syn hân op myn ûnderrêch, de neils giene lâns myn rêchbonke omheech. Ik wie fuortdaliks wer by en skerp, draaide my om en tute him fol op de mûle. It waard in frijpartij om nea te ferjitten.

André wie nei de tiid fuortgien, dêr wie ik bliid om. It wie te waarm en te plakkerich om op dy lange simmerdei tegearre te sliepen. Ik ha him nea wer sjoen en earlik sein tocht ik ek net in bulte oan him. Ik hie it te drok mei myn stúdzje en myn ôfstudear- en skripsjeûndersyk.

Fansels hie ik better witte moatten. Ek ik krige les oer feilich frijen. Ek ik hie fan in soa heard. Mar by World of Warcraft en Warhammer tinkt men no ienris net sa gau oan in soa. Dat ik wie wat fernuvere doet ik in wike letter klachten krige. Ik tocht earst dat it sa oergean soe, mar se holden oan.

Ein july siet ik by myn húsdokter. Se naam in pear útstrykjes en stelde my earst gerêst. Mar doe’t de wiere útslach kaam, krige myn lêste frijpartij in hiele nuvere bysmaak.

De dokter belle my, skrabe har kiel: ‘It útstrykje is ûndersocht. Min nijs. De baktearjes dy’t wy fûn hawwe komme gewoanwei allinnich postmortaal foar, nei it stjerren. Allinnich by deaden. It is better datsto fan ‘e middei efkes delkomst.’

– – – – –

Bio’s

Gabrielle Terpstra (1990) wennet yn Frjentsjer en skriuwt en dicht it leafst yn it Frysk. Se publisearret yn ferskate Fryske tydskriften en skriuwt kollums foar goeie.frl. Yn septimber komt har earste solobondel ‘Tsjintwurdich is alles better’ út by útjouwerij Hispel. Earder brocht se bondels út mei it kollektyf Pauper Poëzie en mei Poetry Circle 058. Gabrielle is in soad te finen op de poadia mei har poëzy yn binnen- en bûtenlân. Se studearre yn 2023 ôf oan de Academie voor Popcultuur. Ek produsearret en presintearret se de poëtyske podcast Gabrielle en Arjan bedoele it net ferkeard mei Dichter fan Fryslân Arjan Hut.

Berend Moed (23, Leeuwarden) heeft passie voor alle vreemde hoekjes rondom film, vormgeving et cetera uit het verleden. Hij heeft zichzelf leren vormgeven en is de afgelopen vier jaar met vele projecten bezig geweest. Sinds kort is hij begonnen met het maken van korte films op super8 tapes.

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels