Kies dyn letter!




It Alfabet-projekt jout dy de mooglikheid om in letter te selektearjen en dêr in eigen foarm oan te jaan. Sa moat in nij ‘alfabet’ ûntstean. In alfabet útdrukt yn in folslein eigen lettertype. As it alfabet klear is, sil it presintearre wurde op in Moanne Live-evenemint en yn in spesjaal nûmer op papier. Mei dyn letter meisto in wurd of in sin meitsje, mar it mei ek by ien letter bliuwe. Wat foar (digitale) materialen oftst mei wurkje wolst en oftst dyn wurk ien-, twa- of trijediminsjonaal presintearrest, dêr bist hielendal frij yn.

Earst tsjinnest fóár 1 maart 2014 in koart foarstel yn by de sjuery, dêr’tst dyn oanpak en dyn kar yn taljochtest. De sjuery makket dan uterlik 15 maart syn kar bekend. De winners krije in temjittekomming yn harren materiaalkosten fan 200 euro en harren nammen wurde op dizze side bekend makke.
Koarte taljochting op it projektIt giet om in projekt wêrby’t keunstners en oare kreative lju it belang fan it alfabet sjen litte kinne. Elke kreative keunstner en/of skriuwer kin in letter adoptearje en oan 'e hân dêrfan in yndividueel keunstwurk meitsje. Der binne gjin grinzen oan de techniken dy’tst brûke kinst. De keunstners dy’t selektearre binne, wurde fia de website folge yn harren wurk. Op ús website kinst dan filmkes, sketsen en oare bydragen fine. Sa gau as wy by de letter Z binne, wurde alle letters fan dit unike alfabet presintearre op in spesjale byienkomst fan de Moanne Live en wurdt it alfabet ôfprinte yn in papieren útjefte fan de Moanne.

It efterlizzende ideeDe ynwenners fan Fryslân prate Frysk, ien fan de Europeeske minderheidstalen. De basis foar dit projekt is it ‘Fryske’ alfabet. Karakteristyk binne de 21 begjinletters (it Latynske alfabet hat 26 begjinletters) en de klinkers, dy’t krûde wurde mei in protte aksinten. Ien fan de bykommende doelen fan dit projekt is dan ek om de Friezen bewuster te meitsjen fan dy kuriositeit. De ‘12’ yn it logo fan dit projekt ferwiist nei de planning. Wy sille tolve moanne lang - in jier fol research, planning en kreaasje - it ûntstean fan dit grutte keunstwurk op de foet folgje en oan it publyk presintearje.

Wat is de Moanne?de Moanne wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. de Moanne lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. de Moanne ferskynt op it web, op papier en organissearret ‘live’-moetingen.

Sjuery Yara Leonie Semmler
Sito Wijngaarden
Ernst Bruinsma
Jan Veninga

Kontaktalfabet@demoanne.nl

Definysje fan in alfabet

De oardering fan letters yn in fêste folchoarder neame wy in alfabet. In alfabet is dus de skreaune basis fan ús taal. As wy meielkoar kommunisearje op spraaknivo, meitsje wy gebrûk fan sinnen dy’t opboud binne út wurden en brûke wy wurden dy’t opboud binne út letters. Wy foarmje en foarmje, mar ferjitte mar al te faak it werklike byld. Wy kinne al prate, foardat wy lêze en skriuwe kinne. Wy leare de klanken en lûden fan ús mem. Sels by har yn ‘e búk harkje wy al en wurde wy beynfloede troch dy lûden. Mei in taal yn ‘e mûle kinne wy dy lykwols noch lang net op papier sette of fan it papier opnimme. Ear’t wy dat sa belangrike kommunikaasjemiddel leare en witte te begripen en te brûken, leare wy de basiseleminten fan de taal, de letters.

De klanken dy’t al útsprutsen binne wurde fisueel projektearre. Wy ferbine de klank fan in lûd A met syn fisuele foarm. In A kin dan lêzen wurde, mar ek beskôge wurde as in byld, omdat it byld de klank in figuer/foarm jout, dêr’t er, wannear ienkear ferbûn, net mear fan loskomt.

In A bliuwt yn ús (memme)taal in A. As wy no besykje om oare ûnbekende en skreaune talen te begripen, dan lêze wy, mei de A as A, lûke sadwaande ferbinings út wat wy yn it ferline leard hawwe en besykje te efterheljen wat it wurd betsjutte kinne soe. Ommers, wa’t ienkear út de op it earste each ‘willekeurige’ oardering fan de letters begrypt dat it om in wurd giet, en begrypt wat der efter dy skynber willekeurige folchoarder stiet, en dus in wurd lêze kin, dy kin in wurd net mear allinnich in byld wêze litte, hy sil altyd besykje om it te lêzen.

As no de letter wer isolearre fan in wurd as yndividu optreedt, dan komt it fisuele werom, sels as wy (fuortdaliks) weromtinke oan wurden dêr’t de letter yn foarkomt of mei begjinne. Wy sjogge in inkele foarm, wy kenne harren klank en harren posysje as lid fan in oanienskeakeling fan oare letters, harren oardering, de basis fan ús skrift. Sadwaande kenne wy de wiere betsjutting fan elke letter en binne wy ús bewust fan it belang derfan.

It giet derom, nettsjinsteande dy eins frij ienfâldige basisfunksje, om de yndividuele letters harren ûnbidige ekspresjemooglikheden werom te jaan en in poadium te jaan foar dat wat wy alle dagen yn ús gedachten en ús útsprutsen wurden tûzen kear brûke en dêr’t wy de bittere needsaak hieltyd wer fan ferjitte.

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organissearret 'live'-moetingen.